Schruauwen trog Ken Ho
Fondei is et wol in besondere dei. Yn China fiere de minsen et Longtaitou-feest, un feest dot folle betekenet yn ‘e ôde Chinese borrenkultuer. Chinezen wannen froeger krek as de Aastschyljelôners forol borren.
It wodt jouwd dot et op de dei fon Longtaitou te regenen begint. Dêrmei is de droege wear yn ‘e winter trogbritsen, wot tige wichtig is foar et lonbouw.
Et wêd “Langtaitou” betekenet: de draak hiift sin hôd op. Wyl de echte draak un gelokbringend symboal is, wiist et wêd “draak” hir nei duzendpoaten in oare slangeftige wêzens di doe út de boaiem wei komme.
Nei de tradisjonele Chinese kalinder is et feest op ‘e twadde dei fon de twadde moanne feststeld. Fruchtbarhyd fon sowol et lon as ik de minsen sels wodt doe mei folle pracht fierd.