Skreaun troch Dyami Millarson
Der binne haadsaaklik trije soarten grûn yn Fryslân, nammentlik dat binne klaai, fean en sân. Hast it hiele súdeasten fan Fryslân is sângrûn, hast it hiele noardwesten fan Fryslân is klaaigrûn. In smelle stripe dêrmiddenyn is feangrûn. Yn it súden tsjinet dizze feangrûn as grins tusken it klaai en it sân. Lykwols is dizze grins der net yn it noarden.
De skiednis fan Fryslân kin ôflêzen wurde fan ‘e grûnsoarten: Wêrom is der klaai yn it noardwesten wylst der sân is yn it súdeasten? It antwurd is oe sa nuver: Der wie ris in tiid doe’t it lân yn it noardwesten noch net bestie en letter is dit stik lân troch de iuwen hinne fan ‘e waddensee wûn. Dizze grûnwinning hat ek ynfloed hân op ‘e Fryske taalûntwikkeling: yn ‘e klaaikriten prate se oars as yn ‘e sânkriten. De tongen fan it Frysk hingje gear mei de foarneamste grûnsoarten fan Fryslân.
It Wâldfrysk wurdt sprutsen op ‘e sângrûnen fan Fryslân (dizze omkriten wurden ek wol “It Klaai” neamd), it Klaaifrysk wurdt sprutsen op ‘e klaaigrûnen (dizze omkriten wurde ek wol “De Fryske Wâlden” of koartwei “De Wâlden” neamd). De earste hat mear sprekkers as de lêste. It Wâldfryske taalgebiet is ek it oarspronklike lân dat bestie foar de lânwinning fan ‘e waddensee yn it hjoeddeiske Klaaifryske taalgebiet. Op dit bloch skriuwe wy yn it Klaaifrysk om’t wy ússels dizze tonge fan it Frysk oanleard hawwe yn 2016. Lykwols yn ‘e takomst sille wy wol in stúdzje meitsje fan it Wâldfrysk.