Skreaun troch Dyami Millarson
It Mari folk, dat natoerreligy behâlden hat, libbet yn ‘e omkriten fan ‘e Wolga yn Ruslân. Sûnt minskegehûch offerje de Mari oan ‘e Goaden. De Mari slachtje guon dieren lykas guozzen foar dizze regelmjittige offers. Dat is de oarspronklike wize om de Goaden te oanbidden of te ferearjen. It offerjen is de belangrykste geastlike tradysje fan it Mari folk.
It offerjen hat wis in kulturele betsjutting: It ferbynt de tsjinwurdige Mari mei harren foarâlders dy’t deselde tradysje hiene om de Goaden te ferearjen. De Mari binne der heilich fan oertsjûge dat it offerjen heil bringt. Neffens harren bringt it lok oan ‘e hiele mienskip fan ‘e Mari mar ek oan ‘e hiele minskheid. Fan it offerjen wegen fiele de Mari har nau besibbe mei de natoer. It Mari folk ûnderfynt dat it offerjen harren tichter by de Goaden bringt.
De Mari geane it bosk yn om te offerjen. Hja bringe dan faak in dier mei lykas in goes. Se meitsje harren offer by in heilige beam of in protte heilige beammen. In diel fan it iten wurdt hâlden as offer, in diel fan it iten wurdt troch de Mari opiten. Under it offerjen falle de Mari del op harren knibbels foar in heilige beam en se sizze harren winsken oan ‘e Goaden. De Mari ûnterfynt it offerjen as in noflike plechtichheid, dy’t in bysûndere plak yn harren libben hat en har mei de natoer ferbynt.