Skreaun troch Dyami Millarson
Skoalle wie net it plak foar my om te learen. Ik hie ferlet fan romte om mysels mear te ûntwikkeljen, dingen sels út te sykjen en sels oer praktyske problemen fan it libben nei te tinken. Ik krige net genôch rêst yn mysels op skoalle. As persoan bin ik leargjirrich en ik bin ek tige nijsgjirrich. Ik ynteressearje my altyd foar in soad nuvere dingen en wol graach mear oer de minsk en de ierde te witten komme. Wittenskip is myn libbenswize.
Op skoalle moat men folle talen leare. Ik haw dêr nea genôch oer taal leard. Bygelyks ha ik net sa folle op skoalle oer it Hollânsk en Ingelsk leard, mar ik ha foaral mysels alle grammatikale en staveringsregels fan it Hollânsk en Ingelsk oanleard. Ik lies folle wittenskiplike boeken en artikels, faak gie ik dêrfoar nei it Tresoar. Myn ynteresse foar taal wie te grut foar skoalle en dus koe ik mysels op skoalle net goed ûntwikkelje.
Ik ha my doedestiids gewoan rjochte op ‘e wrâld bûten skoalle om’t dat de wrâld is dêr’t ik my foar ynteressearje: ik wol talen leare, filosofearje oer fraachstikken fan it libben en sykje nei wat relevant en praktysk is foar my om te witten. Ik wol net dat oaren dit foar my beslúte, ik wol foaral sels alles yn it libben útfine. Wannear ik help nedich ha, dan sykje ik dy wol by oaren, mar dat is myn eigen beslút. De macht oer eigen libben te hawwen, yn stee fan behearske te wurden, is tige belangryk foar my as minsk en foar myn selsbetrouwen. Ik fyn wurklik dat it myn minskerjocht is om sels te kiezen wêr’t en hoe’t ik sels leare wol; it moat gjin plicht wêze dy’t oaren my fan bûten ôf oplizze want dat wurket net foar my en makket my krekt wanmoedich.