De útdaging om de sfear fan Fryslân te pakken

Skreaun troch Dyami Millarson 

It is net maklik om in sfear goed te beskriuwen. Dit is de foarneamste libbensútdaging foar Fryske skriuwers en dichters. Wa’t de sfear fan in plak en tiid it bêste pakke kin, hat syn libbensdoel berikt. Sa kin men tinke oer it libbensdoel fan skriuwers en dichters dy’t  it allegear gemien hawwe dat se harren eigen plak en tiid fertsjinwurdigje foar de minskheid.

Men bliuwt altyd te learen. It learen stopt net. It giet syn hiele libben troch. De styl fan in skriuwer of dichter stiet net stil. Salang’t de auteur noch yn libben is, sil syn styl ûntwikkelje. Men leart hoe de sfear better pakt wurde kin en dêrom feroaret de styl. Dit is ek de reden dat de styl fan in beskate plak en tiid in wjerspegeling is fan de sfear dy’t eigen is oan dy spesjale plak en tiid fan ‘e wrâld.

Sfear is besibbe mei kultuer. Wa’t de sfear fan Fryslân te pakken besiket, is einliks dwaande mei it beskriuwen fan de lokale eigentiidse kultuer fan Fryslân. It is in momintopname fan in grutter gehiel dat de skiednis fan Fryslân foarmet. Sels wol ik ek leare om de sfear fan Fryslân better te pakken yn myn teksten; it is eat dat easket om in skerp each foar bysûnderheden en dus in gefoeligens dy’t faaks net by elkenien fan natoere oanwezich is. Ik leau wol dat minsken dizze gefoeligens ûntwikkelje kinne as se der mar  iepen foar steane. In protte minsken stiet net foar it hert iepen, se libje net nei harren hert.

 

Leave a Reply

Fill in your details below or click an icon to log in:

WordPress.com Logo

You are commenting using your WordPress.com account. Log Out /  Change )

Facebook photo

You are commenting using your Facebook account. Log Out /  Change )

Connecting to %s