Skreaun troch Dyami Millarson
It nijs op freed 6 april dat in stiennen stânbyld fan ‘e earste keizer fan Sina, Qin Shi Huang, omfallen is, ferspriedt him snel yn Sina. Hoewol’t it omfallen byld yn 2005 makke is en net út ‘e tiid fan it Sineeske keizerryk stamet, wurdt it ûnder ‘e Sinezen sels sjoen as in min foarteken. Fan âlds leauwe de Sinezen yn foartekens lykas oare folken yn Aazje. De minsken yn Aazje leauwe dus dat barrens yn it heelal faaks in djippere betsjutting hawwe en dat hja de takomst foarspelle kinne. Sa kin in foarteken gelok of ûngelok foarspelle foar de minskheid.
Yn ‘e simmer fan 2017 wie it hichtepunt fan myn moanne yn Sina, myn besite oan it Terracottaleger bewesten it mausoleum fan Qin Shi Huang. Ik hie der sa hjirnei útsjoen. Mar ik krige in hiel aaklik gefoel nei’t ik it Terracottaleger besocht hie. Ik wurde der letter siik fan en ik koe dit net ferklearje. It liket der wol op oft der in floek hearsket op dat Terracottaleger en mausoleum. Ommers lies ik ek in ferhaal dat alle buorren dy’t dit Terracottaleger fûn hiene op mysterieuze wize deagien binne. It terracottaleger wie noch net sa lang lyn yn ‘e tweintichste iuw fûn.

Qin Shi Huang wie de earste keizer fan Sina om’t hy Sina ferienige hie. Der wurdt fan âlds sein oer Qin Shi Huang dat hy folle boeken en wittenskippers ferbrând hie. Faaks dêrom hawwe syn mausoleum en terracottaleger in tsjustere sfear. Qin Shi Huang woe in iuwige keizer wurde. Syn doel wie it om de ûnstjerlikens te finen. Lykwol is er op in nuvere wize stoarn.
Hy hie in elikser tronken dat him ûnstjerlik meitsje soe mar it wie it dealike gif merkurius. Syn ûnderdienen woene net fertelle dat de keizer dea wie, om’t it keizerryk útinoar falle soe. Dus brochten se it ferrotsjend lyk fan de keizer nei de tichtstbye stêd. Se hiene wol twa moannen mei syn lyk op reis west. Yn ‘e stêd ferkundige se de dea fan ‘e keizer. De âldste soan wurde mei in komplot om it libben brocht. In oare soan fan Qin Shi Huang kaam oan ‘e macht mar hy koe it ryk net byinoar hâlde. Sina foel dus útinoar. Dêrom is de fal fan it yn 2005 makke stiennen stânbyld fan Qin Shi Huang, de earste keizer fan Sina, in min foarteken neffens de Sinezen sels.