Skreaun troch Ken Ho
It Gottscheersk is in bysûndere taal. It is naubesibbe oan it Beiersk yn súdlik Dútslân. Nei UNESCO wurdt it Gottscheersk as “tige bedrige taal” neamd. Tsjinwurdich binne dy lju dy’t it Gottscheersk prate wiidferspraat oer Kanada, Eastenrysk, Dútslân en de Ferienige Steaten. Yn ‘t lêste neamde wenje no de measte Gottscheersktaligen.
It Gottscheersk is fierder in tige behâldende Germaanske taal. Dit komt om’t it út ‘e it isolearre Dútske eilân “Gottschee” wei komt. Ear’t it eilân yn 1941 troch Sloveenje oernommen waard, wie it Gottscheersk de meast sprutsen taal op it Dútske eilân Gottschee. Dêr hat it Gottscheersk him yn likernôch 700 jier sûnder ynfloed fan bûten ôf ûntjoen.
It Gottscheersk wurdt ta it Beiersk rekkene. Op ‘e webside fan de taalkataloach Ethnologue, wurdt der gjin ynformaasje joen oer ‘e krekte oantal sprekkers fan it Gottscheersk.
Taalkundige bysûnderheden fan it Gottscheersk
(1) Bysûndere lûden (fokalen)
It Gottscheersk is nijsgjirrich mei syn likenis op it Frysk. De grutte foarrie fan lûden yn it Gottscheersk ûnderskiedt him fan it Standertheechdútsk. Hjirûnder wurdt der in oersjoch fan joen nei de taalûndersiker Hans Tschinkel:-
Delgeande twalûden: ai, ao, au, aʉ, ea, ei, ia, iə, oa, oɛ, oi, ou, ɵi, ɵʉ, ua, ui, uə, ʉi, ʉə, əi, aːi, aːo
Opgeande Twalûden: i̯a, i̯aː, i̯ɛ, i̯e, i̯eː, i̯i, i̯iː, i̯o, i̯oː, i̯ɵ, i̯ɵː, i̯u, i̯uː, i̯ʉ, i̯ʉː, i̯ə
Delgeande trijelûden: oai, uai, eau, iəu, ʉəu, oːai, uːai
Op- en dan delgeande trijelûden: i̯ai, i̯au, i̯aʉ, i̯ea, i̯ei, i̯iə, i̯ou, i̯ɵʉ, i̯uə, i̯əi, u̯ai
Fjouwerlûden: i̯oai, i̯uai, i̯oːai, i̯uːai
Sa docht it wol bliken dat it Gottscheersk op it Frysk liket wat de moaie op- en delgeande lûden oanbelanget.
(2) Bysûndere bylûden (konsonanten)
Boppedat sjogge wy ek regelmjittige korrispondsje tusken it Gottscheers en it Frysk. Sa wurde folle wurden mei in b- bylûd yn it Frysk nei p- bylûd yn it Gottscheersk feroare, lykas:-
ik bin –> i pin
Do bist –> Dü pischt
De Beam —> Dai pâm
en wurden mei w-bylûd yn it Frysk (of yn it Heechdútsk) wurde feroare nei in b-bylûd yn it Gottscheersk, lykas
Ik wol —> I bill
Ich werde (Frysk: ik sil) —> i bert
(3) Bysûndere tiidwurdsfoarmen – mulwurd
In bysûndere tiidswurdfoarm yn it Gottscheersk is it mulwurd (dielwurd). Sawol it Hollânsk as it Heechdútsk ha in ge- as foarfoegsel foar it mulwurd, mar dit mankearret by it Frysk, it Ingelsk en it Gottscheersk.
Gottscheersk: vünn, Frysk: fûn, Ingelsk: found; mar Hollânsk: gevonden, Heechdútsk: gefunden;
Gottscheersk: kâm, Frysk: kommen, Ingelsk: come; mar Hollânsk: gekomen, Heechdútsk: gekommen;
Fansels is der noch folle te beskriuwen oer de taalkundige likenis tusken it Frysk en it Gottscheersk. Wa’t der niget oan hat, kin perfoarst websiden rieplachtsje dy’t ûnderoan dit artikel meld wurde.
Wêrom is it Gottscheersk bedrige?
Sa’t it boppe al beskreaun is, foarmje de Gottscheersktaligen yn ‘e Ferienige Steaten de grutste groep minsken dy’t de taal noch prate. Mar de neiteam fan de Gottscheertalige ymmigranten hat al lange tiid dermei ophâlden, it Gottscheersk te praten. It Amerikaanske Ingelsk wurdt no faker brûkt as harren memmetaal, en it Gottscheersk driget in “taal fan âlderlju” te wurden. Sa moat der wat betiid oan dien wurde om it Gottscheersk libjend te hâlden.
Te rieplachtsjen:
(Klikke jo op ‘e namme, dan wurde je dernei laat.)
(1) Liedsjes yn it Gottscheersk
(2) Les yn it Gottscheersk foar Ingelsktaligen (Ingelsk)