In nuvere dei yn Amsterdam

Skreaun troch Dyami Millarson 

It wie sneintemoarn 19 maart. Op de dei dêrfoar waaide de wyn hurd en ik winske yn myn hert dat op dy snein de wyn net hurd waaie soe. Us heit en ik wolle nammenlik nei Amsterdam gean mei de trein en dêr wat aardige dingen besjen. Ik hie in pear dagen lyn wat boeken kocht by de Afûk en ik krige der twa gratis treinreiskaartjes by dy’t de hiele dei op snein 19 maart jildich wiene. Ik tocht dat dit wol aardich wêze soe foar ús heit om’t er in pear dagen letter jierrich wêze soe.

Doe’t wy yn Amsterdam oankommen wiene, seach ik wol dat myn winsk ferfolle wurde soe: it wie moai waar om de hiele dei yn ‘e stêd troch te bringen. Ik makke wat foto’s fan ‘e taferielen dy’t ús heit en ik yn ‘e stêd seagen. Us heit woe graach Amsterdam besykje om’t Nederlân foar him Amsterdam wie. Al gau hearde ik wat de minsken yn Amsterdam tsjin-inoar seinen: se praten oer nije skuonen, nije modes, ensafuorthinne. “Wat materialistysk” tocht ik by mysels. Ik fielde my frjemd. Dit is net hoe’t ik tink oer ‘e wrâld en de minsken yn Fryslân binne ek net sa materialistysk .

Friezen libje it gewoane libben: It giet allinne mar om de dingen dy’t der echt ta dogge foar ús minsken. Friezen libje dus yn frede mei har minsklike natoer. It materialisme yn Amsterdam wie frjemd foar my. Ik koe me der net yn fine en ik fielde yn myn hert dat ik op syk wie nei rêst. De stêd wie te drok foar my mei al dy lûden en minsken. Us heit fielde him ek net sa loflik en sei: “Dit is net it Amstersam dat ik kin. De wrâld is feroarre. Dit is no in frjemde stêd foar my.”

Ik fielde my sa frjemd dat ik spontaanwei Frysk begûn te praten mei ús heit en dat doch ik einliks nea. Dat fielde foar my gewoan wat nofliker, it joech my in gefoel fan feiligens yn in frjemde wrâld. Ik sei tsjin myn heit: “It liket wol dat alles hjir om jild giet. Yn Fryslân binne de minsken net sa dwaande mei jild.” De minsken om ús hinne seagen ús wat frjemd oan om’t ik Frysk spruts mei ús heit. Se hawwe dêr wol alle frjemde talen heard, lykas it Ingelsk en Sineesk, mar it Frysk luts wol harren oandacht. Ik moat wol sizze, der wie ek in fijandige sfear yn Amsterdam oeral wiene der plysje. Dêrom wie it my wol hiel noflik om Frysk te praten.

Leave a Reply

Fill in your details below or click an icon to log in:

WordPress.com Logo

You are commenting using your WordPress.com account. Log Out /  Change )

Google photo

You are commenting using your Google account. Log Out /  Change )

Twitter picture

You are commenting using your Twitter account. Log Out /  Change )

Facebook photo

You are commenting using your Facebook account. Log Out /  Change )

Connecting to %s