Skreaun troch Dyami Millarson
Fan ‘e moarn rûn ik nei de Jumbo ta om in brief mei belangrike visadokuminten ôf te jaan. Ik hie myn persoanlike gegevens foar spoedservice juster al ynfolle. In famke by de baalje holp my om it ôf te hanneljen. Se moast in kollega derby roppe fia har omropapparaat. Har kollega wie in entûsjaste frou dy’t folle oan it laitsjen wie wylst se my holp om de brief mei spoedservice te ferstjoeren nei Sina. Nei’t alles klear wie, soene se myn brief yn in klús dwaan en it soe moandeitemoarn ophelle wurde. De brief mei spoedservice koste sa’n sechstich euro.
Bûten wie it reinwaar. De himel wie griis en grau. It hie al in pear dagen folle reind. Lokkich hie ik in paraplu by my. Wylst it reinde, rûn ik langs it Piter Jelles Gymnasium en de Prinsentún nei Tresoar ta. Ik gong gau nei binnen om’t ik net dweiltrochwiet wurde woe. Ik droech ommers myn goede leren skuonnen. By de baalje fan it Tresoar frege ik oft se boeken hawwe oer it Wangereagersk. De frou oan ‘e baalje wist net wat dat wie, mar se wol my wol graach helpe alhoewol’t der sneon gjin meiwurkers oanwêzig wiene dy’t my mei dizze spesjalistyske fraach helpe kinne soene.
Ik besleat mar in Tresoar-studintenpas oan te meitsjen dêrmei’t ik boeken oer it Frysk liene kinne soe. Se joegen my in formulier yn it Frysk om myn bertedatum, foarnamme, efternamme, insfh. yn te foljen. Se koene sa gau net it Hollânske formulier fine en ik sei dat ik wol it Frysk lêze koe. Nei’t ik alles ynfolle hie, holp in man my om alle gegevens op ‘e kompjûter yn te foljen wylst ik nei wat folders oan ‘e baalje oan it sjean wie.
Yn ‘e folders seach ik wol wat leuke aktiviteiten lykas wat lessen om it âldste boerdspul fan ‘e wrâld te learen. Ik betocht my dat myn heit my al ris sein hie dat ik wol oan in boerdspul lykas damjen of skaken dwaan koe om nije freonen te meitsjen yn Ljouwert of Fryslân. Ik naam de folders mei alle aktiviteiten mar mei. De man joech my myn nije studintenpas en hy sei dat ik it in hiel jier brûke koe en dat ik de pas dêrnei tillefoanysk ferlingje koe. Ik tanke him foar syn help.
Ik stelde noch in pear fragen oan ‘e man en frou dy’t my holpen hiene. Ik frege û.o. oft myn Hongkongske freon Ken Ho in Tresoar-pas oanmeitsje koe wannear’t er wer yn Fryslân is. It antwurd wie dat ik dit better per mail freegje koe. Spontaan begûn ik te fertellen oer it feit dat ik wol alle Sinezen kin dy’t mei it Frysk dwaande binne. De man sei: “Der binne wol folle Sinezen. Hoe bist der wis fan datst alle Sinezen kinst dy’t harren foar it Frysk ynteressearje?” Ik sei: “It is net sa maklik foar ‘e Sinezen om oer it Frysk te witte te kommen. Dit kin online einliks allinne mar troch my of Ken Ho. Ssdwaande kinne wy se allegear.”
Ik frege dêrnei noch wêr’t de bak mei boeken stiet dy’tst fergees meinimme meist. De frou fertelde my wêr’t dy stie en ik rûn derneita. Ik seach in poaske tusken ‘e boeken mar koe gjin ynteressante boeken fine om mei te nimmen. Ik gie dus mar wei. Ik begroette de frou en man earst yn it Hollânsk en dernei yn it Frysk. Ik wist dat dit wat gek wie, mar ik die it toch. Se begroetten my werom yn it Hollânsk.
Nei it Tresoar gie ik nei de Afûk ta. Dêr begroette my Gerda van der Wijk. Se wie tige entûsjast lykas altyd. Ik fiel my altyd wolkom by de Afûk. Se frege hoe’t no mei my giet. Ik sei dat it wol goed giet mei my. Dêr fertelde ik dat ik no in útdaging oan it dwaan bin om it Aastersk yn ien moanne te learen. Gerda fûn dat wol wat. Fokke Jagersma hearde wat ik sein hie en hy nûge my út om letter nei it Taalpaviljoen te kommen om te lústerjen nei mesykoptredens yn ferbân mei it Limburgsk. Hy gie dêrnei gau fuort nei it Taalpaviljoen. Ik gie troch mei myn ferhaal en ik fertelde Gerda dat Ken Ho op ús bloch no regelmjittich artikels yn it Aastersk útbringt. Se sei: “Wat aardich! En no datst it Aastersk learst, dan kinne jim letter mei-inoar yn it Aastersk prate.” Ik andere daliks: “Ja, sa is ‘t.” Ik fertelde ek noch dat it wol goed giet mei Ken Ho mar er hie dizze dagen de griep te pakken. Ik sei dat er folle hoesten, kuchen en snuiten moat. Gerda die him de groetsjes en winske him betterskip. Ik sei dat ik it him fertelle soe.
Ik gie doe nei it Taalpaviljoen ta dêr’t Fokke Jagersma wie. Ik seach dat Fokke drok dwaande wie mei it ynstallearjen fan in Canon-kamera op in statyf. De kamera bleau mar te beweegjen op it statyf en Fokke krige ‘m der mar net goed op. Ik frege oft ik him helpe koe. Sadwaande begûnen wy in gesprek. Ik fertelde him dat wy noch dwaande binne mei it boek oer it aventoer fan 2016 en ús taalfilosofy en dat it net maklik is on dit boek te skriuwen. Fokke frege oft it boek ek gean soe oer it ferbân tusken taal, kultuer en skiednis. Ik befêstige dit. Hy sei dat it wol goed wêze soe foar 2018 as wy it boek sa snel mooglik ôf hawwe. Ik sei him dat wy ús bêst dogge om it boek no sa snel mooglik ôf te meitsjen mar wierskynlik soe it pas yn 2019 útjaan wurde. Letter praatte ik mei Fokke oer it ferfolch fan ús taalprojekt: Ik wol mei Ken Ho earst it Skiermûnteagersk en Hylpersk leare en dêrnei de Noardfryske talen en it Eastfrysk (mei namme it Saterlânsk). Ik fertelde him dat foaral akkommodaasje it probleem is foar ús aventoer yn Dútslân en dat wy immen nedich hawwe dy’t ús dêr akkommodaasje jaan kin.
Fokke fertelde my dat er nimmen yn Noardfryslân of Eastfryslân kin. Mar hy wol yn elts gefal wol tige tefreden om te hearen dat it taalprojekt fan it twamanskip Dyami Millarson en Ken Ho trochgiet. Hy frege me noch wannear’t Ken Ho wer weromkomt. Ik sei dat er wer nei Fryslân komme soe wannear’t it boek ôf is en dat wy dan presintaasjes op skoallen jaan wolle oer ús boek. Fokke moast wer troch mei syn organisaasjewurk. In jongen kaam nei my mei in stoel en frege oft ik de stoel hawwe woe. Ik naam it tankber oan.
Ik seach in frou in pear soppen optsjinjen en ik krige wol honger. Ik frege de frou hoefolle oft dy sop koste. Se sei dat it fiif euro fiif en tweintich koste. Ik naam de tsiissop. Wachtsjend op de sop gie ik mar oan tafel sitten. Doe’t de sop kaam, seach ik dat der spitigergenôch bargefleisk yn ‘e sop siet. Ik fertelde de frou dat ik gjin baargefleisk ite kin om’t ik allergysk foar baargefleisk bin. Ik betelle de sop mar. Ik seach it ommers as donaasje oan it Taalpaviljoen foar ‘e taaleveneminten. Se frege my noch oft ik lyts jild hie. Ik fûn noch 25 sent yn myn portemonnee en ik joech it oan ‘e frou. Se sei: “Do bist geweldich.” Dat makke my oan it laitsjen en ik wie wer bliid.
De jongen dy’t my earder de stoel jûn hie kaam by my sitten foar in praatsje. In frou neist my begûn har ek yn it gesprek te mingjen. Se fertelde dat sy fan Skylge wie. Ik fertelde har dus dat ik no Aastersk oan it learen bin. Se frege my hoe’t ik dat doch. Ik sei dat ik dêrfoar in boekje fan menear C. Roggen brûk en dat ik it hielendal sels doch. Ik fertelde dat ik wol folle grammatika lear. Se fûn it hiel bysûnder dat ik it Aastersk lear. Se fertelde my dat har pake it Aastersk prate en har beppe it Westersk. Se sei dat se har pake nea ferstean koe. Dat jilde foar my wer as befêstiging dat it Aastersk in eigen taal is. De frou fertelde my dat se no 2 jier yn Ljouwert wennet en dat se har foar taal ynteressearret. Se sei dat se net sa goed yn taal wie, mar toch it Frysk leare woe.
Ik fertelde de frou dat ik yn taal ynteressearre rakke wie fan myn dysleksy wegen. Ik sei dat ik eartiids muoite hie mei lêzen en skriuwen mar no net mear om’t ik safolle mei taal dien hawwe. Sy befêstige dat it gewoan oefenjen wie. Se sei dat se merkt dat se no ek al better wurden is yn taal. Ik fûn dit aardich om te hearren en it wie foar my hielendal begryplik. Lykas men yn it Hollânsk seit: Oefening baart kunst. De frou gie fuort en dus gie ik mar troch mei it gesprek mei de jongen dy’t my earder de stoel jûn hie.
De jongen fertelde my dat er ien fan de Fryske rappers is. Ik frege him om syn persoanlike gegevens en dy woe hy wol graach mei my diele. Hy joech my syn YouTube-kanaal, syn namme en syn e-mailadres. Syn namme wie Dirk Geerdink. Letter frege ik oft hy it Wâldfrysk praat. Hy andere dat hy Wâldfrysk praat. Ik murk dat ik goed lústerje moat om’t ik net sa faak it Frysk praat. Yn ‘e stêd prate de minsken net sa faak Frysk. Ik wol wol dat dit in bytsje feroarje sil want Ljouwert fertsjinwurdiget de taal en kultuer fan Fryslân. Ik sil dus sels mar mear Frysk yn ‘e stêd prate. Sa bring ik der feroaring yn. Alles begjint by dysels. De grutte feroaring begjint altyd lyts.