Schruouwen trog Ken Ho
Op 7 maai 2017 ginen wi fidder fot fon uus hotel di him yn ‘e omkreien fon ‘t stêdsintrum fon ‘e provinsje Tainan befoon. Lyk as de foarige dei hinen wi begelieding fon omke Xu. Fodot wi jysterjoon syn auto útstapten in werom nei uus hotel ginen, hinen wi mei-enkorm bespritsen dot wi op 7 maai nog earder útgean sonnen. “Omdot wi moan nei un nêstlezende stêd, Kaohsiung gean sil.” sei hi mei un glimke.
So is et aginda op 7 maai 2017.
Un longe autoriid nei Kaohsiung
Sonder help fon un Tainanees is et hast net mooglik so makkelik fon ‘e iene stêd nei un oare te gean. Oofsien fon ‘e wot joere fefierkosten as wi un longe oofstôn oofleze mot, is et ik dreeg om de tsjinstregeling fon ‘t iepenbare fefier te ferstean as butenlonners. Gelokkig mar dot wi omke Xu kinne lead hinen!
Fodot wi op wei nei Kaohsiung wannen, woaë ik nog wot jild bi un jildautomaat opnomme. So druouw Omke Xu uus nei un gemokswinkel. Yn Tainan is et so, dot olle gemokswinkelen (Yn ‘t Engels: Convenience Stores) un pear jildautomaten ha. So hoege wi net nei de bank te gean om jild op te nommen. Ik fyn et sels tige hondig.
Dènei begoon uus reiske dot omtrint ien oerke dorre. Onderweis praatte ik mei omke Xu, in so leade wi enkonder mear kinne. Syn stirrenbeeld is “schòpioen” in hi makke folle nevensaken as syn berop. Hi die mi wol tinke oan ‘e eilonners op Schyljelôn di ik folle bibaantsys hat. Hi sei dot hi letter syn auto ooftankje litte mot, omdot et reiske folle brônstof opmeitsje soaë. Hi lead mi ik de strjitten kinne, in fetelde ho de fescheine omkreien trog ‘e jierren hinne werorganisearret wodden. Oer ‘e lufthaven yn Tainan hat hi ik wol wot seid, doe wi erbi lôns druouwen. “Froeger koeënen jim folle mear fjeantuggen hir op- in delfjean sjean. Mar noe bin er op syn meast mar ien of twa fjeatuggen per dei. ”
(1) Kaohsiung Fo Guang Shan (高雄佛光山) (beteikenis: De berg fon et jecht fon Boeddha)
(1A) Yngong
Nei un oerke wae et sofier. De easte sjeanweadighyd wae Kaohsiung Fo Guang Shan, un oer ‘e wrôd bekonde boeddhistise organisaasje. yn Taiwan. Et is togelyk ek de gretste, in elk jier kom folle minsen sowol út Taiwan as ik fon oare wrôddelen wei hirnei op besyk.
Mar ollereaste moast Omke Xu un pakearplek fine in et dorre nog wot. Folle plekken wannen ol ynnomd. Dènei stapten wi de auto út. Pos don foel et my oof ho warem de sinne wae. “Letter as wi weromkom in de auto ynstap, soaë et oanfiele as un baarnende haard” sei Omke Xu grapjeiend.
Streekrjucht foar uus stie un greate yngong. Oan beide siden wannen er beeldhouwwerken. De iene wae un oaljefant, in de oare wae un tiger. Oan uus linkerside wae un oare wei omheech nei de top fon ‘e berg. “Deuze kear besykje wi res de timpel. Oare deis as jim er tiid foar ha, kon wi de berg besykje.” sei omke Xu. “Wi ha et fondei drok.”
In letter die et wol bliken dot hi er rjucht mei hie. Achter de yngong wae ommes nog folle te besjean.


Oofbeelding: De yngong fon Kaohsiung Fo Guang Shan. Oan beide siden wannen er beeldhouwwerken fon dieren.



(1B) De Yngongssaal
Yn ‘t sintrum fon ‘e saal wae un lytse fontein. Der stinen lytse figuren fon Boeddha. Nei et sezen kon jim er gelok fon krie trogdot jim wetter fon ‘e schouder fon ‘e Boedhha-figuer oof fjoeie lit. Dut ha ik wol dien, in et wae arig.
Oan beide siden fon ‘e saal wannen er winkelen. Wi sagen moaie diamanten di nei olle gedachten de “Fungshui” fon un plek febetterje kon. Mei ol deuze tofoegingen kon jim derom gelok bringe nei jim huus, trogdot jim de “Fungshui” fon et huus febetteret ha.

Oofbeelding: Un lyts restaurant yn ‘e yngongssaal.
(1C) Et sintrale iepene fjild fon Kaohsiung Fo Guang Shan
Nei de yngongssaal wae er un iepen fjeld te sjean, wer oan beide siden fjouwer oan’t fiif greate toeren oprjucht stinen. Et krekke getol kon ik mi noe net mear werinnerje, mar se sagen er ollegear prachtig út. Elke toer hat syn eigen fúnksje. Foareast ginen wi nei de lytste toer. So komen wi te witten, dot et un foarstellingsroemte wae foar nykommers. Besikers wodden yn un filmsaal laat om un filmke te sjean dot oer ‘e ontsteangeschiedenis fon Fo Guang Shan gie. Wi wodden tee in swiets oanbeen. Er wannen net sofolle minsen. Sodwaande wae de gehele saal mar trog uus treaën beset. Et wae arig.




(1D) Fegees iten in drinken foar iderien
Nei et genietsjen fon ‘t filmke, frêge omke Xu uus, “Wol jim noe ite?” “Jawol,” sei ik, in don folgen wi ollebei him nei. Wi wannen tige tankbar dèfoar dot omke Xu olles forenkorm kriggen hie.
Wi ginen un moaie tún trog, in don komen wi un gebouw yn, dot ol folle minsen wae. Et foel uus don oof dot et iten trog ‘e Boedhistise organisaasje fegees joon wodde. Solong dot besikers olles opite koeë, wae olles fegees. Wi hinen er wol genoog iten fon!
Neidot wi fon ‘t iten genietet hinen, ronen wi fot in komen un grette gele tsjittel tsjin lôns ien fon ‘e gongen roonom et iepene fjild. Der wodde tee útdeeld oan besikers. De tee wae wol fefrissend!



Oofbeelding: Binnen dut gebouw wae tee oanbeen oan besikers
(1E) Oare tentoanstellingen
Oan ‘e oare ein fon ‘t iepene fjild stie un nog grettere saal as de yngongssaal. Binnen roek et nei sandelhout, un hout di faak yn Boeddhisme bruukt wodt. Twae sandelbomen stinen yn ol har prachtighyd yn ‘e saal. Deromhinne wannen er sitplekken foar besikers.
De saal hie fjouwer etaazjys, in op ‘e easte in twadde etaazjys wannen er omtrink elk fjouwer tentoanstellingen. Elke tentoanstelling hat ik wot te maitsjen mei Boeddhisme. Wi ha yn fescheine sub-salen tiid trogbrôcht, in et wae prachtig om wot niis mei te maitsjen.





(1F) Et greate Boeddha stônbeeld
Op ‘e heagste etaazje fon ‘e saal befoon him et greate stônbeeld fon Boeddha. Iderien di hir op besyk is, mot et wol es sjean.



(2) Yue Shi Jie (月世界) (beteikenis: De maan op ierde)
(2A) De sêfte boaiem, stinen in sôn
Kaohsiung hie uus nog folle oan te bieden nêst de bekonde Fo Guang Shan. Et wae omtrint trea oer midzjys doe wi fotginen, in Omke Xu syn auto wae krek so hyt as hi ol eader foarspeld hie. Mar gelokkig hie syn auto un goed luftkoelingssysteem. Derom dorre et net long fodot et olwer yn syn auto prettig oanfielde.
De folgjende plek di wi besôchten hiet “De maan op ierde”. Et wae net foar niks dot et so noemd wodde. Foarol wae de boaiem der so sêft, dot et op dejinge op ‘e maan like. Ik wodde doe ik tige ferrasset doe ik de stinen in son oanrakke. Et wae so makkelik om se útenkorm te brekken.




(2B) Stil bannende magma
Dot de sôn er so útsaag, hat te maitsjen mei de magma di onder ‘e boaiem yn ‘ omkreien. So woaë Omke Xu uus ik dema sjean litte in druouw uus nei de bêste plek wer de magma op un feilige oofstôn sien worre koeë.




(2C) Tuji (土雞) – boaiemhonnen út te probearjen
Nysgirrig wae de plek wer wi besôchten bekond om un soat honnen. Dot hyt yn ‘t Mandaryn Chinees “Tuji”, un beteikenet sofolle as “boaiemhoan.” Et feschil leest nei olle gedachten yn ‘e menear werop de honnen opbrôcht wor. So wodt et seid dot se fri yn ‘e natuer rinne doer. Dut makket har fleis smaakfoller as gewoane honnen yn ‘e boeri, so seze se.
Oofbeelding: Un winkel bekond om syn Tuji “boaiemhonnen”. Omke Xu keas foar uus foar ‘t swietste honnefleis dot de winkel te bieden hie.


