Schruouwen trog Ken Ho
Op 5 maai 2017 hinen wi de eigenaren fon un brillewinkel kinne lead doe Dyami un sinnebril keapje woaë. Se wannen un echtpear. Doe sei de mon dot hi uus de stêd Tainan foarstelle woaë. Sodwaande hinen wi meienkorm oofpraat dot wi op 8 maai 2017 enkonder moetje sonnen.
Don wae et sofier.
Moan op 8 maai 2017 koom Johnson, so hiet de mon, mei syn auto uus bi uus hotel op te haljen. Mei un froenlik glimke frêge hi uus of wi ontbyt hôn hinnen of net. “Don gean wi foareast wot tipys Taiwanees ite.” sei hi doe hi uus schôdhollen saag.
Uus ontbyt
Mei syn auto komen wi algaauw un iteri oan. Der wae un fescheinhyd oan iten. Spitigergenoog wae Dyami syn maag gefoelig foar bargefleis, in et wae wol dreeg om soks te mijen wannear ol et iten gewoan yn un greate pot koket wodde. Yn elke gefol ieten wi wol wot, in et wae ik net slim.

Un toer roonom de ôde strjitten nêst de merk shui jing gong (水晶宮市集)
Nei et iten druouw Johnson uus nei un merk. Et hiet merk shui jing gong, wot “de paleis fon krystalbal” beteikenet. Et wae ol wot drok mei keapers in fekeapers doe wi oankomen. Fescheine fruiten, griente, fleis in sfh koeënen wol kôcht worre.
Tsjinoer de merk wannen er enge strjitten mei gebouwen di er ôd útsagen. Nei olle gedachten wodden de strjitte mei opset so behouwen dot sok opmerkelik feschil ontstie.
“Deuze bin de jiu jie (舊街).” sei Johnson doe wi syn auto útstapten. “Se bin folle ôder as de oare strjitten, in ha dingen fon froeger goed bewarret.”

De ôde strjitte: Shen long jie (神農街)
De ôde strjitte wer wi uus fotten foareast opsetten, hiet Shen Long jie(神農街). Nysgirrigergenoog ronen krek un groepke Japonner yn ‘e tsjinoerstelde rjuchting. Se foelen mi wol op, omdot olle monnen witte himden droegen, wot mi wol tinke die oan ‘e tipise kantormeiwerkens yn Japon. Boppedot sprieken ik wol meienkorm, in har taal fielde him wol tipys Japons oan.
Wot de naamkêr fon ‘e ôde strjitte oangeet, is er gin dúdelik ontwoad. Mar sodot et letter bliken dugt, fynt de ôde strjitte Shen Long jie wol ienklang mei de timpel Yao Wang Miao, di him oan ‘e ein fon ‘e strjitte befynt. Meschien wodde de naam derfon ooflaat. Wae wit?

De timpel Jin Hua Fu (金華府)
Un poaske letter komen wi bi un timpel oan oan uus side. Et wae de timpel Jin Hua Fu (金華府). Der wodden sowol de Chinese Fechtgoad Guandi (關帝) in de trea Prinsen Ma, Li in Huang (李黃三王爺) ferearret. De timpel wannen trog un groepke seeljoed bouwd. Trog har hêd werk mei honnen in fotten (Koeli) fesammelen se wol jild om de timpel te bouwen. Deryn lieten se stônbeelde fon ‘e Goaden stean di se út har oofkomstregio’s weibrôcht hinen.
Yn et jier 1874 in 1888 wodde de timpel es fenyd, in sont et jier 2005 is de timpel trog Tainwan as “un historys momumint” feklearret.



De timpel Yao Wang Miao (藥王廟 )
Oan ‘e ein fon ‘e ôde strjitte siet de timpel Ya Wang Miao. De naam fon ‘e timpel beteikenet “de Koaning fon ‘t Meistergoed.”. Hirfondinne soaë nei olle gedachten de naam fon ‘e ôde strjitte Shen Long Jie komd wêze.
Shen Long (神農) is un CHinese religieuze figuer. Of hi yndie oait bestien hat, wit ginien. Mar syn bestean is mearfôdig dokumentearret yn ôde boeken,lykas Yi Jing (易經), Shi ji (史記) in sfh. So wodt et seid, dot hi fescheine griente op ‘e groon proefde om te sjean of se giftig wannen of net. Don lead hi de minsen hokke griente iten worre koeë, in wot net. Syn rôl as de froegste doktor yn ‘e geschiedenis di gebruk fon natuerlike griente makke is dertrog fêstleid. Syn naam is wiidweidig bekond onder ‘e Chinezen.
Nygirrigergenoog hat Shen Long (神農) fescheine namen. Jo seze dot meschien de naam “Yao Wang (藥王)” nei him fewiist, mar oaren bin er net mei iens. Mar yn elk gefol liket et mi wol dot de benaming fon ‘e ôde strjitte “Shen Long Jie” fon ‘e timpels útgeet. Teminsen mot er un ondirekte bôn bestean, so tink ik.


De timpel Fong Shen (風神廟)
De lêste timpel di wi besôchten, wodt wijd oan ‘e Wyngoad, Fong Shen (風神). Ol wodt de Goad soms as “omke Wyn (風伯)”, is et eigelik un dier mei de holle fon un foegel in et lichaam fon un hàt. Yn ‘e timpel Fong Shen wodde ik wol Omke Donder (雷公) in Ome elektrisiteit (電母) ferrearet. Opfallend ist de arsjitektuer fon ‘e timpel, di yn ‘t algemien deeld wodt onder et folk Hoklo, ien fon ‘e folkeren yn Tainwan.
Doe wi oankomen, foel et mi op dot de timpel Fong Shen net togonkelik wae. Di wae oofsletten.
“Kotlyn wae er un ierdbeving. De Timpel Fong Shen wodde dertrog hêd bescheadiged. Noe steet nêst de oarspronkelike timpel un tidelikenien.” sei Johnson neidot hi foar uus un foto opnomd hie foar ‘e oarspronkelike, mar noe oofslettene timpel Fong Shen. Hi wiisde uus op ‘e tidelik gebouw foar ‘e timpel.
Achternei doe ik mi mear oer ‘e timpel ynformearje woaë, die et bliken dot de ierdbeving op 6 februwari 2016 plekfoon hie. Et mot nog long dorrje fodot de ôde timpel heendol restaurearret worre kon.


Oare plekken
Dènei kôcht Johnson foar uus un tee di bekond wae yn Tainan, grientetee (青草茶). Et smake net so swiet, mar wae toch wol gesond. Tainanezen drinke dot yn ‘e simmer om tsjin ‘e hitighyd te gean.
Wi ha ik wol bi de enge strjitte wên. Et wae so so eng, dot et un eigen naam krigget hat. Et hyt “窄門”, de enge doar.
Dernêst ha wi bi un oare timpel wên. Dot wae un Boeddhistise timpel.


Uus ommekear nei uus hotel
Et wae un nysgirrige moeting mei Johnson, di so freonlik wae as uus werom te druwen nei uus hotel nei et oofrin fon ‘e kotte toer. Wi hôde kontakt meienkorm in dut soaë fêst net de lêste moeting mei him wêze.
Doe wi werom nei uus hotel komen, stinen er un rige minsen oan beide siden yn ‘e yngongssaal. Se wannen tige freonlik. Nysgirrig frêge ik of wi mei har un foto meitsje koeënen. Se wannen er mei iens.

Middzjysiten in nachtmerk
Neidot wi eefkes útrêst hinen, ginen wi olwer fot nei buten to. Wi hinen sowol middzjysiten as ik joonsiten. Joons besôchten wi ien fon ‘e nachtmerken (er wannen fiif fon yn Tainan!). Et wae wol arig.
