Ferdinand de Saussure – Un oersjug

Schruouwen trog Ken Ho

De famylje de Saussure

Ferdinand de Saussure (26 november 1857 – 22 febrewaris 1913) is un wolbekonde figuur yn ‘e taalkunde. Syn bekonde learen bin semiotyk, structuralisme, indogermaanse feglykjende taalkunde, et feschil sowol tussen synchroni in diachroni as ik tussen de trea begrippen langage, langue in parole.

Hi wodde yn 1875  yn Genf, Switserlôn geboaren. Oare leden fon syn famylje wannen liedende figuren yn fescheine natoerwittenschiplike gebieden. Bifoarbeeld, Henri de Saussure, syn tae, wae bekond as un mineraloog in entomoloog; Nicolas Theodore de Saussure, syn pae, un mineraloog in geoloog; Horace Bénédict de Saussure, syn ôde pae, ik wol un geoloog.

Ferdinand de Saussre syn ynteresse yn talen

Ol froeg koeë Ferdinand de Saussure ol folle talen praatsje. Doe hi toalef jier ôd wae, koeë hi ol et Frôns, et Latyn, et Dúts in et Engels. Syn moeting mei Adoph Pictet, un historise taalkundige, yn ‘tselde jier makke de Saussure nog niisgirriger om talen te learen. Forol wae de lytse jonge imponearret mei et werk fon ‘e noemde geleade, “Die Indoeuropäische Ursprünge (de indogermaanse oarsprong)”. Dènei ynteressearre hi him yn fegelykjende taalkunde, in studearre hi yn 1873 yn un Genfer gymanisum et Sonskryt. Syn ynteresse om de wòttels fon germaanse talen (ik wol as “europese talen” noemd) te finen, hat de Saussure libbenslong dwaande houwen.

Syn akademise bidrêgen

a.) Syn eigen(e) schriftlik(e) werk(en)

Niisgirrig genoog hat Ferdinand de Saussure net folle wittenschiplike werken schriftlik útbrôcht. Yn tsjindeel wodt et oer syn learen trog oaren wiidweidig schruouwen, lykas et werk Cours de linguistique générale (Kursus olgemene taalkunde). Dut groonleizende werk yn ‘e taalkunde onder de Saussure syn tiid sol wi letter yn dut artikel behonnelje.

Un útsondering makket et werk Mémoire sur le système primitif des voyelles dans les langues indo-européennes (Un Hônlieding oer ‘t primitive systeem fon geloeden yn ‘e indogermaanse talen) yn ‘t jier 1879. Dut hat de Saussure sels schruouwen. Et werk geet oer ho lange geloeden yn ‘t oerindogermaanse systeem et gefolg wannen fon wot hi “coefficients sonantiques (sonôntike koëffisjenten)” noemde. Letter wae dut oanname fêstleid mei stúdzje fon ‘e Hettitise taal, in et foame de basis foar ‘e laryngaalteori.

b) Cours de linguistique générale

Et werk “Cours de linguistique générale” wodde opsteld trog twae studinten fon de Saussure, te witten Charles Bally in Albert Sechehaye. Oan ‘e hôn fon oanteikeningen di oare studenten fon de Saussure yn syn lektuur makket hinen, wodde et noe wrôdwiid bekonde werk makket. Ol is et net dúdlik of et werk wierhydsgetrouw is oan de Saussure syn gedachtegoed yn ‘e taalkunde, wodt et teminsen as so oannomd. Hironder fine jim begrippen di nei olle gedachten fon him wei komd bin.

Belangrike begrippen/learen

(a) Semiotyk: Et feschil tussen et beteikende (signifié) in et beteikenende (signifkant)

Yn ‘t werk Cours de linguistique générale wodt et onderscheid makket tussen et beteikende (Frôns: signifié) in et beteikenende (Frôns: signifikant). Nei dut onderscheid, wor útspritsene wêden et beteikenende noemd, wyl et dènei fewiisde begrip et beteikende. Hi seit dot de relaasje tussen de twae begrippen heendol àbitrêr is. Et feboon tussen har is trog et kontekst ofwol gearhang beschaat. Dut feschynsel hyt “L’arbitraire linguistique (taalkundige goedfining)”. Mar ien kear dot se meienkorm feboon bin, lykje se op ‘e twae siden fon un papyr. Se kon net mear fonenkorm fotbrôcht worre.

Et begrippenpear signifié in signifikant is út in trog net heendol akseptearret as orizjineel oan de Saussure. Deuze sjeanswize is forol fertsjinworriget trog Ludwig Jäger, di de Saussure syn learen ondersôcht olline oan ‘e hôn fon olle schriften di de Saussure achterliet. Yn oare wêden, pokte Ludwig Jäger et tekstkritys oan. Hi seit dot it begrippenpear signifié in signifkant noait foarkomd bin yn de Saussure syn schriftlike werk. Yn tsjindeel wor de begrippen sème, aposème in parasème bruukt. Sème fewiist, nei syn eigene sezen, nei et hele geloedsysteem; Aposème nei inkelde spritsene wêden in parasème nei de idée di dètrog yn uus holle oprôgt wor.

(b) Et feschil tussen languagelangue in parole

Un sintrale tese fon de Saussure is et feschil tussen de twae begrippenpearen, te witten langage tsjinoer langue, in langue tsjinoer parole. Mei deuze trea begrippen yn ‘t Frôns bedoelt de Saussure et folgjende:-

Langage: Olle minslike middelen om meienkorm te kommunisearjen. Dut is un tige olgemeen begrip.

Langue: Un beschaat taalsysteem mei olle regels dot ol syn feadige sprekkers min of mear behearsje. Talen lykas et Engels, et Dúts, et Aasters, et Hollôns in so fothinne bin ollegear fescheine langues. 

parole: De spritsene wêden di op un beschaat eagenblik trog un sprekker makket wor. Dut begrip beschruwt de fisike eigenschippen fon ‘e spritsene wêden.

(c) Et feschil tussen diachroni in synchroni 

Dènêst makket de Saussure onderscheid tussen diachroni (fon feschillende tiden) in synchroni (gelyktidig). Dut begrippenpear wodt meest topasset op ‘e stúdzje fon wêden. Nei de Saussure wor wêden diachronys studearret as ien de historise ontwikkeling fon ‘e wêden fêst te leizen prebearret. Hirto heat de etimologise stúdzje fon wêden. Oan ‘e oare kont wor wêden synchronys studearret, as ien de beteikenis fon indivduele wêden oan et gehele taalsysteem(et langue) op un beschaat eagenblik te ontlienen probearret.

De Saussure syn foarkêr geet nei un synchronise behonneling fon wêden. Dut wol seze dot hi elk wêd studearje wol oan ‘e hôn fon et gehele taalsysteem weroan et wêd op un beschaat eagenblik toheat. Ut deuze sjeanswize folget de folgjende leare fon de Saussure, et strukturalisme.

(d) Strukturalisme: Elk wêd ontliedt syn beteikenis oan ‘t gehele taalsysteem

Nei et beginsel “l’arbitraire linguistique (taalkundige goedfining)” fon de Saussure, is de weromkeppeling tussen et signifié in et signifikant un sosjale oangelegenthyd. Dètrog mot de beteikenis fon spritsene wêden (et signifikant) ondersôcht worre trog et gehele taalsysteem (et langue). Deuze sjeanswize geet tegearre mei de synchronise betrachting fon wêden, werfoar de Saussure de foarkêr hat.

Strukturalisme as un betrachtingswize wodt yn fescheine oare wittenschiplike gebieden bruukt, lykas àzjitektuer, psychologi, antropologi, sosjologi, ekonomi in so fothinne.

(e) Fegelykjende taalkunde mei betrekking to yndo-germonse stúdzje

Lykas et boppe noemd wodt, hat de Saussure folle talen lead om mear oer ‘e oerindogermaanse taal te witten te kommen. Hi hat him forol rjuchtet op geloeden. Mei syn ondersyk wodt foon, dot olle longe geloeden yn ‘e oerindogermaanse taal et gefolg bin fon un beschaat geloed, wot hi Coefficients Sonantiques noemd hat. Letter wodt dut fidder ondersôcht, in men tinkt dot dut laryngale geloeden wêze kon. Dut hyt de laryngaalteori.

Leave a Reply

Fill in your details below or click an icon to log in:

WordPress.com Logo

You are commenting using your WordPress.com account. Log Out /  Change )

Facebook photo

You are commenting using your Facebook account. Log Out /  Change )

Connecting to %s