Skreaun troch Dyami Millarson
Fan 16 april oant 19 maaie ta, rûchwei ien moanne, doch ik in útdaging om it Aastersk te learen. Dat falt net mei. It Aastersk is echt wat oars. Tagelyk is it my wol dúdlik dat it Aastersk nau besibbe is oan it Frysk. Dêrom brûk ik ferliking mei it Frysk om de taal te learen; myn kennis fan it Klaaifrysk helpt my om folle wurden yn it Frysk werom te kennen of te ûntsiferjen en ek flugger te learen. Lykwols hat it Aastersk in soad eigen wurden, foarmen en útdrukkingen dy’t fan it Frysk ôfwike. Folle wurden falle my swier om te learen om’t se sa oars binne as wat ik wend bin. Ik kin dus faak net oars dwaan as dizze wurden faak te werheljen want oars ferjit ik se.
Net allinne brûk ik it Frysk om it Aastersk te learen, mar ek it Hollânsk en Ingelsk. In inkelde kear falt my ek in oerienkomst mei it Dútsk of Sweedsk op. Ik ha bûtendat sjoen dat it Aastersk faak âldere foarmen fan Fryske wurden bewarre hat. Dêrom as ik âlde Fryske teksten derby pak, falle my faak oerienkomsten mei it Aastersk op. Ik tink yn mysels: “O, dit sizze se ek yn it Aastersk.”
Mei de ferliking fan talen kin men talen flugger leare. Mar ik besykje dit wol op in wittenskiplike wize te dwaan. Ik wol gjin ûnsin yn myn oantekeningen opskriuwe. It moat wol wittenskiplik ferantwurd wêze, fyn ik. Nammentlik jildt dit tagelyk ek as myn ûndersyk nei de Aasterske taal. Ferlikingen meitsjen is hurd wurkjen, mar ik fyn it sels wol tige ynteressant want it liedt ta nije ynsjoggen. Einliks wurd ik sels faak ferrast en dat is it moaie oan dit ferlikingswurk. It is faaks wol swier, mar hast der ek wurklik wat oan.