Bin ik in taalkundige en/of filolooch?

Skreaun troch Dyami Millarson 

Ik doch wol oan taalkunde en filology, mar ik neam mysels gjin taalkundige en filolooch. Dat meie oaren wol dwaan as hja my beskriuwe wolle. Lykwols beskriuw ik mysels net sa, om’t ik myn wurk sjoch as allesomfetsjend. Myn wurk is einliks te kompleks om yn ien wurd te fetsjen, mar ik bin ek fan miening dat iksels as minsk te kompleks bin om mei in pear wurden te beskriuwen. It moat wol dúdlik wêze dat ik oan wittenskip doch en dat it myn doel is om “taal, kultuer en skiednis” te ûndersykjen.

Natuerlik binne dizze trije wurden “taal, kultuer en skiednis” in ferienfâldiging fan ús ûndersyk, om’t it net yn in pear wurden te pakken is. Ek moat ik wol derby sizze dat ik net allinne oan wittenskip doch, mar ek oan filosofy, keunst, religy, ensf. Ik ynteressearje my foar de minsk. Myn aventoerlike ûndersyk giet oer de minsk, dy’t net yn ien wurd te fetsjen is. De minsk is bysûnder kompleks. Ik sjoch foaral nei de gearhing fan dingen. Dat fyn ik sa fasjinearjend, om’t it sa wûnderlik is hoe’t alle dingen yn dizze wrâld ferbân mei-inoar hawwe. Ik wol hjir gewoan mear oer witte.

Myn ûndersyk giet dus hiel djip. Lykwol fyn ik it net slim as minsken my beskriuwe wolle as taalwittenskipper, taalkundige, filolooch, etymolooch en fonolooch. Ommers hawwe minsken ferlet fan ferienfâldiging yn dizze komplekse wrâld. As dizze wurden de minsken helpe om mear begrip te krijen foar myn ûndersyk, dan sil ik dêr neat fan sizze. Ik beskôgje wurden mar as arken. It giet om it doel: it ûndersyk te fuortsterkjen, en dat ûndersyk kin jammergenôch net yn in pear wurden pakt wurde. It is dus kompleks, mar natuerlik doch ik wol oan wittenskip, etymology, ensf. foar myn ûndersyk en ik jou ek ûnderwiis oer wittenskip, etymology, ensf. oan myn studinten dy’t (oer) talen leare wolle.

Leave a Reply

Fill in your details below or click an icon to log in:

WordPress.com Logo

You are commenting using your WordPress.com account. Log Out /  Change )

Facebook photo

You are commenting using your Facebook account. Log Out /  Change )

Connecting to %s