Schruauwen trog Dyami Millarson
Fondei is et wer sofier, et is wer folle maan. De middeleauwers mienden dot de folle maan un bisondere ynfloed op et minsdom hie. De persoanen di tsjinwerrig jouwe dot de folle maan un bisondere werking hat op de mins binne ik net minmachtig. Wotfor ynfloed hat dut jouwen hôn op ‘e minskelike kultuur yn Noad-Europa? Dot is nou de grette fraag.
De froegere ynwenners fon Noad-Europa wodden de Germanen noemd. Dut bin ik de foarôders fon ‘e Frisen in derom ik fon ‘e Schyljelôners lykas de sprekkers fon et Aasters. De maan spile un belangrike rol yn ‘e Odgermaanse kultuur sodwaande dot et syn werslag hôn hat op ‘e wêdenschot.
Nammentlik seze wi yn et Aasters maand in dot wêd komt fonself fon maan. Et wêd for maan in maand bin ien in etselfde worren yn ‘e Klaaifrise in Wôdfrise tongfollen werop et Standaardfrys gronet is: moanne. Dut lit sjean dot bi uus as tsjinwerrige minsken di yn Noad-Europa wenje et naauwe febôn tussen maan in maand er nog oltyt is mar ik dot et hetfowarmende fjoerke fon ‘e Odgermaanse kultuur nog oltyt yn uus bant in syn felle jecht trog uus nierwetse kultuur trogschynt.