Praatsje mar Aasters!

Schruouwen trog Ken Ho in Dyami Millarson

Yn 2016 ha wi un pear dêgen op Schyljelôn wên om kennis te maitsjen mei et Aasters in syn sprekkers. Et Aasters is un tige behôdende Frise kreietaal di om Aast op Schyljelôn spritsen wodt. Wy feblouwen yn ‘e Folksheageschoel (yn et Frys: Folkshegeskoalle), dot un Frystalig hotel in bedruw is dot op un rêstige plak tichtebi et doapke Hôane leit. Us kontakpersoan der wae Amarins Geveke in jo soaë uus fostelle oan ien fon ‘e lêste sprekkers fon et Aasters. Namelik is de Aasterse taalgemienschip tige lyts. Nei schatting yn 2004 sonnen er nog mar 200 sprekkers, forol ôderen, fon et Aasters wêze. De easte dei ha wi un praatsje mei de lokale media oer uus ynteresse om et Aasters te learen hôn, in dut artikel fon ‘e lokale krònt De Terschellinger is nog oltoas online werom te finen.

Wi dinen un oprop oan ‘e lokale befolking om uus te helpen mei et Aasters, mar jammergenoog wae er gin reaksje. Eindelik koom de joon fon ‘e twadde dei in doe sonnen wi op besyk by ien fon ‘e lêste sprekkers fon et Aasters. Richard van der Veen. Noe dot wae un bisondere moeting. Et makke un grette yndrok op uus. Richard, di uus fetelde dot er mischien nog mar 150 sprekkers fon et Aasters oer wannen of nog minder, joog uus twae ôde lesboekjys om et Aasters mei te learen in wi praten mei him oof dot wi et Aasters so gaauw mogelik leare sonnen for et behôd fon ‘e taal. Richard syn fraag oan uus wae forol ho wi et Aasters rêde wol omdot hi et swier ynsaag. Wi nomen oofscheid fon Richard in de folgjende dei ginen wi ol wer op huus to.

Er wannen nog twae bisondere moetings op de lêste dei fodot wi et eilôn felieten. Ien mei un tsjiesboer di ambachtelike tsjiezen makke, un oar mei de dochter fon ‘e boekenboer. Ik wol noe forol oer di twadde moeting fetelle. Doe wi roonronen op Schyljelôn, sagen wi ol un boadsje dot sei: “Boekenboer”. Wi frêgen uus oof wot dot wae. De assosjaasje mei di naam spriek uus wol oan: Un boer di boeken fekeapet. Mar krek op de lêste dei besleaten wi om mar es bi de boekenboer lôns te gean om te freien of hi ik Aasterse boeken hie. Der headen wi fon syn dochter dot har tae, de boekenboer, dotselfde jier stoan wae in dot hi et tige bisonder foon ha soaë as hi uus moetet hie. Spitig genoog koeë hi et net meimaitsje. Syn dochter fetelde uus dot hi folle wist fon et Aasters in uus ik helpe konnen hie. Dut yllústrearre for uus gôns konkreet de trageedzje fon taalstêrte. Mei et festêren fon elke ôde sprekker geet un deel fon ‘e ôde taalkenis felên, in yn et gefol fon lytse talen kon di kennis faak net wer weromhallet worre. Derom mot er un tidige oerdrêcht fon kennis fon ôd op jong wêze in uus taalprojekt dot yn 2016 begoon is ik bedoeld om un brêg te wêze tussen jong in ôd.

Wi hinen nog un pear Aasterse boekjys meinomd fon Schyljelôn di wi bi de dochter fon ‘e boekenboer kôcht hinen. Ken Ho noom twae fon deuze boekjys mei nei Hongkong in Dyami Millarson houw er sels ien yn Lieuwwaden in wi beide hinen elk ik nog ien kursusboekje Aasters di wi fon Richard hôn hinen. Et ein fon Ken Ho syn trea maanden yn Fryslôn koom in doe moas hi wer werom nei Hongkong to omdot hi net un visum hie om langer hir te febjoeën in mear dwaan te konnen mei minderhydstalen in bedrigete kreietalen yn Fryslôn/Nederlôn.

Yn 2017 hat Ken Ho er un begin oan makket om et Aasters te learen in et slagget him om te taal selfstônig, sonder de begeleiding fon Dyami Millarson, yn seks maanden te learen. Et foel nei mei for Ken Ho om et Aasters ollinne yn Hongkong te studearjen wyl hi ik drok dwaande wae mei oare dingen. Der bin ik nog artikels oer schruouwen op uus blog in Dyami Millarson hat Ken Ho ik nog inkelde fragen steld oer syn aventoer om de taal selfstônig te learen. Sont di tiid schruwt Ken Ho regelmittig yn et Aasters in dèmei ha wi et iennigste blog op et internet wer regelmittig nie wittenschippelike, persoanlike in oare nysgirrige artikels yn et Aasters publisearret wor. Ken Ho is dus sont 2017 wrôdwiid de iennige aktive Aasterse schruwer/blogger op et Internet.

Dyami Millarson hat ik yn 2017 trea maanden yn Hongkong wên lykas Ken Ho trea maanden yn Fryslôn wên hat. Dut wae onderdeel fon uus kulturele útwokseling. Wi ginen tegeare op syk nei olle oerbjoeësels fon ôde kultuur yn Hongkong in wi wonnen oansluting fine bi de Hongkongers mei uus ynteresse yn Frise talen. Omdot wi bekond wannen mei de Engelstalige geschiedenis fon Hongkong, wonnen wi ondersykje of wi trog et febôn fon et Frysk mei et Engels de minsken beniing opwekke koenen oer uus taalprojekt. Fon et feit wegen dot de kultuur yn Aazje tige oas is as yn et westen, wae et for uus un hele útdaging om oansluting te finen in mei de minsken te praatsjen oer uus taalprojekt in uus ynteresse yn et behôd fon ‘e Frise talen. Forol fetelden wi de minsken oer de geschiedenis in ho de Frise talen un bisonder bôn ha mei et Engels in dot et fon wêzentlik belang is om ik et Frys yn Hongkong te onderwizen. De reaksjys wannen feschaat mar tige nysgirrig in wi ha er folle fon lead om so folle mei gôns frimden oer et historys belang fon ‘e Frise talen, uus aventoer yn Fryslôn in uus taalprojekt for et behôd in befoddering fon et Frys te praatsjen.

Hiroer schruwt Ken Ho nog altiden op et blog wont ol uus avontoeren yn Hongkong bin nog lang net allegear fêstleid op uus blog. Boppedot ha wi tegeare ik nog nei Twaiwan wên om uus taalprojekt mei et Frys te befodderjen. Nei oofron fon uus gemeinschippelik aventoer for uus projekt yn 2017 sei Ken Ho dot hi nog noait Hongkong in Aazje yn et algemien fon deuze kònt besien hat in dot Dyami Millarson him holpen hie om op un oare wize nei de Chinezen/Aziaten om hin hinne te sjean. Us oanpak yn Hongkong in Taiwon wae ik tige bisonder omdot wi gewoanwei onder ‘e normale minsken libben. Wi sol letter ik un boek schruwe oer uus bisondere ondersyksoanpak yn Aazje in forol oer wot wi lead ha. Wi dinen net oan konferinsjys of so, mar wi libben gewoan as opruchte Hongkongers yn Hongkong in as opruchte Taiwonezen yn Taiwon.

Wi mingden uus mei uus omjouwing in wi morken op dot oaren dut eigelik noait do omdot et for har te frimd is of te folle moeite koet om ien te worren mei har omjouwing. Ienworring mei uus taalkundige, kulturele in religieuze omjouwing is onderdeel fon uus projekt in derom wae et aventoer yn Hongkong in Taiwon tige goed slagget. Wi seinen ik tsjinenkorm yn Latyn: Si fueris Romae, Romano vivito more; si fueris alibi, vivito sicut ibi (Wot yn et Aasters so folle beteikent as: Wannearst yn Rome bist, libje lykas de Romeinen (of wot don folk ik mar is), wannearst om utens bist, libje nei de seden in gewoantes fon dyn omjouwing.)

Dyami Millarson hat ik nog yn et jier 2017 nei fêstelôn China wên for kulturele útwokseling in hi hat er ik folle lead oer de Chinezen in har lokale talen, kulturen in religys. Deryn foelen him feschate oerienkomsten mei de sitwaasje yn Fryslôn op in for Ken Ho wae et ik tige ynteressant om fon un oofstôn Dyami Millarson syn aventoer yn fêstelôn te folgjen.
Trog de drokte mei ol dot reigzjen hie Dyami Millarson gin tiid om et Aasters te learen. Dyami Millarson hie et ommes et drokst fon uus beiden omdot hi dot jier et meast reigze. Et wae ik net makkelik for him om him to te rieden for de fisumoanfraag for fêstelôn China. Sont uus lêste dêgen yn Hongkong in for de doer fon uus gônse febjoeë yn Taiwon in fon Dyami Millarson syn febjoeë yn Nederlôn fon un pear maanden hat Dyami Millarson drok dwaande wên mei de torieding for syn reis nei fêstelôn China wot syn lêste reis for et jier wêze soeë.

For Dyami Millarson wae et net makkelik yn Hongkong, Taiwon in fêstelôn China omdot hi net un soad enerzjy hie. Dyami Millarson moas forol sunig wêze mei syn enerzjy. Dut komt omdot hi yn 2013 un heftige in onfewachtete operaasje ondergien hie di syn spoaren op syn libben neilitten hie. Sont ik him kon yn 2012, is hi net mear deselde. Hi kon net so folle mear as doeditiids in derom mot hi ik mear help krie fon syn omjouwing. Dyami krigge don ik tige help yn Hongkong, Taiwon in fêstelôn China om syn aventoer mogelik te maitsjen. As risseltaat fon syn operaasje yn 2013, wae er mear as de helte fon syn kotte term fewideret. Dut hie fonself syn werslag op Dyami Millarson syn energzjyhúshôding. Fon de fewidering fon so folle fon syn kotte term wegen hat er noe kottetermsyndroom (Short Bowel Syndrome). As twaemonschip wol wi forol deuze seldsume oandwaning/sjeekte onder ‘e oandacht bi de minsken bringe wont et is net makkelik om mei so’n swiere oandwaning/sjekte te libjen. Derom jogt de omjouwing fon Dyami Millarson him ik folle praktise stipe.

Nettsjinsteande syn kottetermsyndroom bjoegt Dyami Millarson, alteast nei de miening fon Ken Ho, un trogsetter. Mei de nitige enerzjy di Dyami Millarson op un dei hat, kon er toch folle berekken in dot is wot Ken Ho yn 2016 oertuugt hie om un twaemonschip oan te gean mei Dyami Millarson in him un stipe yn ‘e rêg te jaan wertrog ol syn entûsjasme for lytse talen, tige nysgirrige talenkennis in ynteresse for et behôd in de befoddering fon nuvere talen net felên gean soeë.

Deuze nuvere geschiedenis for eagen hôdend is et tige bisonder dot Dyami Millarson yn 2018 besletten hie om noe mar et Aasters op te pakken. Hi woaë ol yn lange tiid et Aasters leare mar et koom er mar net fon. Wi ha ommes oofpratet yn 2016 dot wi tegeare et Aasters leare sonnen for uus gemienschippelik taalprojekt. Dyami Millarson wae bang dot er mischien net et Aasters flug leare koeë fonwege sjeekte, mar toch besleat hi om mar eindelik de útdêging oan te gean in dus hie hi mei himself oofpratet dot hi yn un maand et Aasters leare soeë. De útdêging begon op 16 april in et soeë einigje op syn fejierdei fon 19 maai. Et arige oan deuze útdêging wae et idee dot as et him slagget om yn dy tiid et Aasters te learen, hi et Aasters feitelik as fejierdeiskado krie soeë. Dot liket him wol gôns bisonder in derom hat hi ik to de lêste dei hêd werket. Op syn fejierdei wae er derin tige moed in hi koeë net iens mei de minsken sprekke di him gelokkige fejierdei towinskje wonnen, mar et wae him slagget om werkelik et Aasters yn ien maanden te learen.

Dyami Millarson fetelt faak dot hi et Aasters learen onderfoon as et Engels learen. Namelik ruchte hi himself ol fon et begin oof op et learen fon ‘e grammatika in dus forol de tiidwêden. Hi saag derom folle oerinekomst mei et learen fon et Engels, werfoar jim altiden so folle onregelmittge tiidwêdsfoarmen laren mot. Hi werhalle elke dei olle onregelmittige tiidwêdsfoarmen fon et Aasters in oan et ein fon ‘e maand, wont so lang dorret de útdêging, koeë hi wol olle tiidwêdsfoarmen. Et wae gewoanwei yn ‘e hole stampen.

Dyami Millarson beschikte for syn útdêging oer mar trea boekjys om et Aasters te learen. Et internet is bi deuze lytse taal gin help. Fodot hi begoon mei syn útdêging hie hi ik nog net de artikels fon Ken Ho leizen, wont hi koeë di nog net febetterje in hi moas sunig wêze mei syn enerzjy. Twae fon ‘e trea boekjys di Dyami Millarson bruukte for syn útdêging wannen leisboekjys. Hi hie him forol ruchtet op et leizen fon ‘e taal. Dètrog koeë hi soetsjysoan ol mear begripe fon et Aasters in ol nei iennige tiid koeë hi ol syn easte eigen sinnen maitsje. Un taal learen is krek as un werberte wont jim mot un taal fon et begin oof oan leare lykas un bên dot dogt. Dyami Millarson syn easte sinnetsjys wannen natuurlik un bytsje makkelik, mar mei de tiid wor syn sinnen wiidweiger in jipsinniger. Noe kon hi wol oprucht Aasters schruwe in dot is ik wot wi beide wol: De opruchte taal sprekke konnen. Mei oprucht bedoele wi dot et nei de wierhyd is; wi wol de taal leare lykas et is, wi sykje nei et wiere, et opruchte yn ‘e taal. Derom wol wi et Aasters krek as uus mimmetaal sprekke. Dot leare jim gewoan trog te dwaan. As jim niks do, don bêt er ik niks.

Sont Dyami Millarson eryn slagget is om et Aasters te learen, kon hi op un oanmerkingen jaan to febettering fon Ken Ho syn artikels. Nei un maand kon Dyami Millarson ol korrektsjys útfiere op Ken Ho syn werk in dot fynt Ken Ho wol tige grappig. Ommes is et noe ik noffeliker dot Ken Ho immen hat mei wae hi yn et Aasters praatsje kon. Yn Hongkong ha wi tegeare faak yn et Frys pratet, mar noe praatsje wi faak Aasters.

Mei uus projekt wol wi noe de diskusje op gong bringe oer taal in dialekt. Wot is et feschil? De spesjale ferrassing oan ‘e útdêging wae de mail nei Richard. Dut jildt togelyks as bewiis dot Dyami Millarson et Aasters lead hat.

Us projekt geet heeltiden trog in et learen fon et Aasters is un grette trogbraak for uus projekt. Natuurlik sol wi noait ophôde mei et learen fon et Aasters in wi mot noe forol ik nog mear de útspraak fon et Aasters studearje. Wi ha namelik de taal út boekjys lead in wi mot don ik neisjean of uus oanname oer ‘e útspraak ik kloppet. Mar de struktuur fon ‘e taal is uus ol dudelik in derom kon wi er ol goed yn schruwe. Wi tsjette (chatte) noe yn et Aasters in op un dei sol wi nei Schyljelôn gean in der Aasters mei de befolking praatsje om uus útspraak op ien line te bringen mei di fon ‘e mimmetaalsprekkers.

Natuurlik hôdt uus projekt net op mei et learen fon et Aasters. Dut is nog mar et begin. East mot wi uusself de Frise talen leare om jo fon ‘e ondergong te rêden in don komt et jipper ondersyk nei de talen.

Wi sol noe un nie útdêging beginne. Dyami Millarson sol prebearje et Schiermontseagers te learen yn 52 dêgen. Syn nie útdêging is begoon fonoof syn fejierdei op 19 maai in sol werom einigje op 10 juli. Namelik is et Dyami Millarson syn grette wins om Schiermontseagers te learen in deuze simmer op et eilôn mei de lêste 20-30 ôde sprekkers fon et Schiermonseagers iennige gesprekken te fieren om de spritsene taal te oefenjen.

Ken Ho sol fon 19 maai oof fonút syn geboartestêd Hongkong, wer hi noe is, et Hylpers yn 3 maanden te learen prebearje. Dut sol ik net meifolle wont Ken Ho hat yn Hongkong net genoog materialen to syn beschikking in derom mot er goechelje om de taal eigen maitsje te konnen. De útdêging bjoegt erin for uus in wi wol uus for ‘e Frise kreietalen ynsette bjoeë in forol wol wi achterútgong fon deuze tige bisondere Frise kreietalen tsjingean. Ommes as de lytse kreietalen útstêre, don sol ik wol itselde bêre mei et grettere standertfrys. De lytse talen bin de geelsyske (kanarjefoegel) yn ‘e koalemyn.

Leave a Reply

Fill in your details below or click an icon to log in:

WordPress.com Logo

You are commenting using your WordPress.com account. Log Out /  Change )

Google photo

You are commenting using your Google account. Log Out /  Change )

Twitter picture

You are commenting using your Twitter account. Log Out /  Change )

Facebook photo

You are commenting using your Facebook account. Log Out /  Change )

Connecting to %s