Dyami Millarson syn Aasters – interview trog Ken Ho 

Interview trog Ken Ho

Ken Ho (hirnei KH): Wot is et fehaal fon dyn útdaging yn et kots?

Dyami Millarson (hirnei DM): Et is un arig fehaal, dot wol ik mar seze. Et wae 16 april doe ik begoon mei myn útdaging. Ik sei tsjin miself: ik sol et Aasters yn ien maand leare. Nou, dot wae wot. Ik wae oprucht wol bang dot et mi net lokke soaë. Ik hie mei miself oofpratet dot de útdaging op myn fejierdei fon njoggentien maaie eindigje soaë mei un berucht nei Richard van der Veen yn et Aasters. For de útdaging om et Aasters yn ien maand te learen ha ik trea boekjes brúkt, ollegear schruauwen trog menear C. Roggen. Oant achtien maaie, de lêste dei for myn fejierdei, ha ik et Aasters lead. Ik woaë op de lêste dei de belangrykste wêden in spraaklear nog es groondig neisjean in myn dokument fon myn selfstudie fon et Aasters nog yn odder maitsje om op 19 maaie nei Richard te ferstjoeren. Yn ‘e moan fon myn fejierdei betôcht ik mi wot ik schruwe woaë nei Richard in ik ha et ik so opschruauwen yn myn brief. Ik fetelde oer myn avontuur in ik sei ik dot et Aasters noe myn fejierdeiskado worren wie, wot ik wol tige arig foon as oofsluting for ‘e útdaging.

KH: Et is net olledêgs dost un taal as fejierdeiskado krigget hast. Kônst dot wot mear útleze?

DM: Yn ‘e maand doe ik et Aasters leade ha ik un tige bisondere bôn mei de taal opbouwd. Et wae for mi net seker of myn útdaging wol slagje soaë. Ik tôcht yn miself: Ik ha miself útdaget in olles wot ik deuze maand lear is gewoan wer in stap foarút. Ik wae earlik mei miself in derom hie ik ik so’n goede hôding tsjinoer de mooglikhyd dot et mi meschien net slagje soaë. Mar et is mi wol slagge omdot ik wist dot et net makkelik wêze soaë om et Aasters yn ien maand te learen in sodwaande hie ik deuze útdaging net onderschot. Ik ha er oprucht hêd for werket in ik ha deuze útdaging myn folle oandacht joon. Op myn fejierdei koeë ik don et Aasters. Nou, ik tôcht: ik ha dut jier et Aasters as fejierdeiskado hôn in ik bin er tige bli mei omdot ik er un hele maand for werket ha. Dot ik for myn fejierdei et Aasters lead ha in dot ik ik nog es un brief yn et Aasters schruauwen ha op myn fejierdei lit dúdlik sjean hofolle ik jo om et Aasters in et behôd dèfon. Derom foon ik et wol tige toposselik om et Aasters as myn fejierdeiskado te besjean. Nog noait hat er ien et Aasters as fejierdeiskado hôn!

KH: Werom woaëst et Aasters leare?

DM: Forol om de taal te behôden. Dut is ik myn liifspreuk yn et Latyn: Homo doctus in se semper divitias habet. Ik fetaal et wol effen nei et Aasters: Un gelead mins drêgt oltyt rykdom yn him. Wot jim lead ha makket jim to un riker mins. Ik besju de mins as un drêger fon kennis in as drêgers is et uus taak om rykdom te fegearen. As drêger fon kennis kon ik et Aasters helpe te behôden wont ik kon de kennis fon de taal yn mi opnomme in as rykdom myn hele libben yn miself drêge. Omdot ik et Aasters lead ha, is et myn rykdom worren. Et Aasters is noe un onderdeel fon my in dèmei help ik tige mei et behôd fon ‘e taal. So lang as ik libje sol, sol et Aasters ik net útstêre wont ik drêg de kennis fon ‘e taal noe yn mi in der geet et om bi taalbehôd: er mot minsken wêze di de taal yn har drêge wol. Ik do dut for et minsdom. Et behôd fon ‘e Aasterse taal geet om wot gretters as miself in sodwaande ha ik graag de taal lead om myn stientsje bi te drêgen for et behôd fon uus minskelik erfgoed dot for eauwig felên driget te gean. Der et libben fon et Aasters oofhanget fon et libben fon ‘e drêgers fon ‘e Aasterse taalschot, is et goed niis dut ik noe meschien wol de jongste sprekker in schruwer fon et Aasters worren bin. Dot beteikenet for et Aasters dot as ik lang libje, et Aasters ik so lang oerlibje sol in nog folle langer as et mi ik slagget om myn rykdom trog te jaan oan et neigeslacht. Mei dot ynsicht for eagen ha ik et Aasters in miself un lang libben towinsket op myn fejierdei.

Leave a Reply

Fill in your details below or click an icon to log in:

WordPress.com Logo

You are commenting using your WordPress.com account. Log Out /  Change )

Facebook photo

You are commenting using your Facebook account. Log Out /  Change )

Connecting to %s