Skreaun troch Dyami Millarson
In taal is in gehiel, in stelsel, in systeem. Ik kin net sa makkelik tusken it Hollânsk en Frysk oerskeakelje. Somwilen krij ik in idee yn it Frysk, Aastersk, Hollânsk, Ingelsk of Skiermûntseagersk. Ik skriuw dat idee dan graach op yn ‘e taal dêryn’t ik it idee oarspronklik krigen haw.
Wannear ik fan it Frysk of Hollânsk nei it Skiermûntseagersk of Aastersk oerskeakelje, dan wurd ik gewach dat it Skiermûntseagersk of Aastersk in oar systeem is. It is net sa by in dialekt. Ik kin inkelde Ingelske dialekten, mar as ik it hear of neidwaan wol, dan hoech ik net oprjocht oer te skeakeljen; it is gewoan Ingelsk, it is net in oar systeem.
It Frysk, Skiermûntseagersk en Aastersk binne ferskillende systeem dy’t men skiede moat. Doe’t ik it Aastersk learde, learde ik foaral dizze taal goed te ûnderskieden fan it Frysk en Hollânsk, en it waard my tige dúdlik dat it Aastersk wat oars is as it Standertfrysk en it Standerthollânsk dat ik koe.
Mei it Aastersk en Skiermûntseagersk ûnderfyn ik oprjocht in oerskeakeling as ik ien fan dizze talen skriuwe moat. Ik haw it sels noch hjoed ûnderfûn en dêrom tocht ik dat it wol tiid is om hjir iens wat oer te skriuwen.
Ik haw noch gjin Hylpersk leard en ik bin no noch it Skiermûntseagersk oan it learen foar myn útdaging oant 10 july, mar ik tink dat wannear’t ik it Hylpersk kin, ik ek ûnderfine sil dat de oerskeakeling net sa makkelik is. Ik fyn it net sa makkelik om te skeakeljen tusken it Aastersk, Ingelsk, Hollânsk, Frysk en Skiermûntseagersk mar it duorret nea sa lang en it giet altyd wol goed.
Yn elts gefal moat ik konstatearje dat der by my in wurklike oerskeakeling plakfynt tusken Frysk en Skiermûntseagersk of Frysk en Aastersk. Foar myn brein binne it dus yn ‘e praktyk oare talen. Ik bin ek immen fan ‘e praktyk en dêrom beskôgje ik it Skiermûntseagersk en it Aastersk dan mar as oare talen as it Standertfrysk. It binne sûnder mis oare systemen as it Standertfrysk en dat is ek wêrom it in skoft duorret ear’t men it goed prate kin.