De útspraak fan ‘e “L” yn it Latyn: ien of twa L-lûden?

Skreaun troch Dyami Millarson  

Eartiids ha ik wol ris de abbekaat fan ‘e duvel west om it stânpunt te ferdigenjen dat de “L” yn it Latyn altyd as [l] útsprutsen wurdt lykas it Dútsk, Spaansk en Italiaansk. Dit soe dus in tige regelmjittige útspraak wêze dy’t ek yn ‘e dochtertalen werom te finen is en dêrom soe de “L” yn it Latyn net útsprutsen wurde as it Ingelsk, Hollânsk of Frysk dêr’t der twa L-lûden binne: de tsjustere L [ɫ] fan “al” en de ljochte L [l] fan “optille”.

Uteinlik bin ik oertsjûge rakke dat it Spaansk en Italiaansk net de âlde sitewaasje fan it Latyn bewarre hawwe, mar dat de sitewaasje fan it Ingelske, Hollânske en Frysk dêr’t der twa L-lûden binne krekt oerienkomme mei de sitewaasje fan ‘e wurklike útspraak fan it Latyn. Ik bin net maklik te oertsjûgjen, mar ik bin no wol oertsjûge dat der krekt twa L-lûden yn it Latyn wiene.

Nammentlik hat der yn opmurklike lûdferskowing (Nl. klankverschuiving) yn it Latyn west dy’t allinne mar ferklearre wurde kin mei de tsjustere L. Eartiids seine se *velo (ik wol) yn it Latyn, mar letter seine se volo yn it Latyn. De “e” is dus yn in “o” feroare. As velo as [weloː] mei ljochte L útsprutsen wie, dan soe net sa folle op volo mei in o-lûd lykje. Velo mei ljochte L soe dus net volo produsearje kinne.

De histoarje fan ‘e lûdferskowingen yn it Latyn wie foldwaande om my te oertsjûgjen dat de twa ferskillende útspraken fan ‘e L yn it Latyn gjin fiksje fan ‘e taalgelearden wiene. Wêr’t ik my foaral soargen oer makke wie dat dy taalgelearden faaks te folle wend wiene oan ‘e útspraak fan har eigen taal (foaral de sprekkers fan it Ingelsk) dêr’t der in ûnderskaat makke wurdt tusken de ljochte en tsjustere L.

Ommers, de Italiaan sprekt it Latyn út as it Italiaansk, de Frânsman as it Frânsk, de Ingelsman as it Ingelsk, de Dútser as it Dútsk, de Hollanner as it Hollânsk, ensf. Dizze sitewaasje hat my altyd tige wantrouwich makke tsjinoer útspraken fan it Latyn dy’t op de ien of oare wize te folle oerienkomme mei de útspraak fan ‘e taal dy’t jins memmetaal is. Ik wol autentyk Latyn sprekke en dus kin ik net samar de útspraak fan elkenien oernimme.

Leave a Reply

Fill in your details below or click an icon to log in:

WordPress.com Logo

You are commenting using your WordPress.com account. Log Out /  Change )

Facebook photo

You are commenting using your Facebook account. Log Out /  Change )

Connecting to %s