Eurspronkelikheid jildt as greeuwnslach by it leren fan in fraimden taal

Schreeuwn troch Dyami Millarson

Fierewooi de maiste folsinnen, dà ‘t in minsk makket yn syn livven, wezze neut opschreeuwn en wezze schien fejetten op slach nooidat jà seid binne. Eigentlik dogge de maiste folsinnen, dà’t yn búeken opschreeuwn binne, der net iens tò en der binne aik maar in lytj bytke folsinnen, dà’t ús fan nooigenooch ôles wal gúed op de heichte bringe. Wat seit dit ieuwr it leren fan in nejen taal?

Wy motte net tò schrúttel af benaud wazze om nach mair folsinnen tò metjen. De aunst steet yn ‘e wooi fan ‘e eurspronkelikheid, dy ‘t neudich is by it leren fan in taal. De eurspronkelikheid is jommes de greeuwnslach fan ‘e taal. Min het de taal beeuwd mooi eurspronkelikheid en as dy fedwiint, dan is de taal al daid. Fetaling is derom de fekeersde wiize om in fraimden taal tò leren. Wy motte eigentlik in seud lôzen in tògelykertiid úefenje mooi ús ooine sinnen tò metjen.

Wy motte ús mooi de taal feural op feurútgong jochte en wy motte net tò faak wieromsjain. De feurútgong is wer ‘t in livvenden taal op beeuwd is. Wanneer min sinnen yn in livvenden taal makket, sjait min maistentiids net wierom. Min het de folsinnen op slach fejetten nooidat dà seid binne. Dat is aik de wiize werop ‘t wy in fraimden taal lere motte: It makket net út hò ‘t ús eerste sinnen derút sjaie, wy motte feurút, wy fejette ús eerste sinnen tach wal en de ienige wiize om de fraimde taal gúed tò leren is troch sinnen tò metjen deuren.

Leave a Reply

Fill in your details below or click an icon to log in:

WordPress.com Logo

You are commenting using your WordPress.com account. Log Out /  Change )

Facebook photo

You are commenting using your Facebook account. Log Out /  Change )

Connecting to %s