Schreeuwn troch Dyami Millarson
In klassyke faut yn ‘e mienschippen fan lytje bedriigde talen is dat min freewal allene maar gedichten schreeuwt om de taal tò behauden. It is meu om tò dichten, maar in taal faalt of stie der net mooi. It gie wal om fruchtberheid (produktiviteit): der mot schreeuwn wezze en sò fole muchlik.
Myn perseunlike ried oon sprakkers fan lytje talen: Schrieuw sprakwezzen en lytje sinnen fan jins taal op, schrieuw aude en neje fetôlsels op al wyte jy se maar hail, schrieuw daaglikse gesprekken en belivvenissen op. Dat is werklik in schat feur it nooigeslacht. Oles wat jy opschrieuwe, sil de minsken fan ‘e tòkomst hilpe mooi de taal tò leren.
Twa deugden, iiver en múed, binne needsaaklik feur it behaud fan in lytjen taal. De minsken motte neut de heup opjaan. Der kin altyd in wonder gebôre en der mot min yn leuve blieuwe. Schrieuw jins taal derom op en metje aik opnômes fan d’útspraak. Ommers mot de aude spraak aik net ferloren gain. Dit ôles mot klairmetje binne feur ‘t nooigeslacht en de taal sil dan wachtje op neje minsken dà ‘t har tòfalligerwiize fiine sille en dernooi lere sille. Sò is ‘t lat en derom mot er werke wezze feur de tòkomst. Jeeuw neut op.