Sil ik eut lere my sò út tò drukken as Pita Grilk?

Schreeuwn troch Dyami Millarson

Ik hew ôle gotte werken fan Pita Grilk leizen. Dat binne fiif dichtwerken. Wat seich ik der in seud meuje útdrukkingen yn! Ik tacht swiermúedich by my sallem: Sil ‘k eut lere om sokke meuje útdrukkingen sallem tò brúkken af tò metjen yn it Eilaunders?

Ne jeeuw ik my sallem aik al mooiien in wierwes: Natieuwrlik! ‘k Sil dat lere. Ik hew ommes genooch tiid. Ik bin nach in jongen man. Ik sil nach lang livje, ik bin nach net aud en derom kin ik fast en seker wal sokke meuje útdrukkingen yn it Eilaunders as Pita Grilk tò metjen lere.

Ik wil ‘t jeeuwst in tiige brede wezzenschat hewwe en aik wil ik graach kinnis hewwe fan in schat oon meuje útdrukkingen. Deze kinnis kin ik opbeeuwe troch de hele Schiermontseiger lyteratúer tò bestúddeerjen. Sikjend nooi adige údrukkingen wil ik wal ôles lôze wat maar yn it Eilaunders schreeuwn.

Natieuwrlik binne gesprekken mooi de laste sprakkers fan it Eilaunders aik tiige belangryk om mair kinnis fan meuje wezzen en útdrukkingen op tò dwaan. Meu sprakken leert min fan d’ aude sprakkers dà ‘t fole ,,livvenserfaring” mooi de taal hewwe. Ik bin dus tiige iiverich om gúed tò heren nooi de audste en baste sprakkers fan ‘e taal.

Leave a Reply

Fill in your details below or click an icon to log in:

WordPress.com Logo

You are commenting using your WordPress.com account. Log Out /  Change )

Facebook photo

You are commenting using your Facebook account. Log Out /  Change )

Connecting to %s