De Romeinske útspraak fan ‘e “I” yn ‘e buorte fan in labiale bylûd

Skreaun troch Dyami Millarson 

De Romeinen sprutsen it koarte I-lûd net út as [i] lykas yn it Spaansk of Italiaansk, mar as [ɪ] lykas yn it Frysk of Ingelsk. It lange I-lûd wurdt wol as it Italiaansk útsprutsen, mar ik sil it lange I-lûd fierder net behannelje yn dit artikel om’t it my no om it koarte lûd giet. De “v” en “qu” binne labiale lûden yn it Latyn: lûden dy’t mei liprûning (Nl. lipronding, Ing. lip rounding) útsprutsen wurde. Under ynfloed fan in foarôfgeand labiaal bylûd (Ing. preceding labial consonant) wurdt it Latynske I-lûd útsprutsen as [ʏ].

It [ʏ]-lûd komt foar yn it Yslânsk en ek yn it Hollânsk lykas yn it wurd “hut”. Mar de Hollanners sprekke de “u” tsjinwurdich faak net mear goed út en helje it [ʏ]-lûd en de sjwa wol ris trochinoar. Yn myn eigen útspraak fan it Hollânsk doch ik dit nammers net, ik sprek de koarte “u” yn it Hollânsk altyd út as [ʏ].

Hoe dan ek komt dit [ʏ]-lûd ek foar yn it Latyn en dat is wol frjemd om’t soks net ferwachtsje soe yn it Latyn. Alhoewol’t de labiale lûden “v” en “qu” dizze ynfloed op ‘e útspraak fan it I-lûd hawwe yn it Latyn, tink ik net dat de labiale bylûden “b” en “p” deselde ynfloed hawwe op it I-lûd. Nammentlik oars as de “v” en “qu”  wurde dy lêste bylûden minder mei liprûning útsprutsen alhoewol’t se wol bilabiale bylûden binne. Bibo, piger, vir, quid wurden útsprutsen as [ˈbɪ.boː], [ˈpɪ.gær], [wʏr] en [kʷʏd]. “V” en “qu” binne oars as “b” en “p” om’t de earste labiale semivokalen (Ing. labial semivocals) binne mar de lêste binne gjin semivokalen om’t se inkeld labialen binne. In semivokaal is in bylûd dy’t yn útspraak op in vokaal liket.

Leave a Reply

Fill in your details below or click an icon to log in:

WordPress.com Logo

You are commenting using your WordPress.com account. Log Out /  Change )

Facebook photo

You are commenting using your Facebook account. Log Out /  Change )

Connecting to %s