Skreaun troch Dyami Millarson
Yn ‘e Aldgrykske spraaklear is der de aoristus. It is in tige bysûndere tiidwurdsfoarm. Eartiids wie it ek foaral in ferwarrende foarm foar my. Dêrom woe ik der mear oer witte. Yn 2009 haw ik it boek ‘De Syntaxis van het Oudgrieks’ fan Marc de Groot oanskaft yn ‘e Selexyz yn it hert fan ‘e Utert om mear te lêzen oer ‘e aoristus fan ‘e Aldgrykske spraaklear.
Op skoalle learden wy allinne de aoristus oer te setten, mar ik woe it Aldgryksk ek aktyf te behearskjen leare. Nammentlik woe ik de aoristus echt begripe, ik woe it brûke kinne. Ik haw altyd ta doel hân om de hiele spraaklear fan it Latyn en Gryksk wurklik te begripen. Letter hat dit my ek holpen mei oare talen.
De útlis dy’t wy op skoalle krigen fûn ik net genôch om de foarm wurklik te begripen. Dêrom wie ik dus sels op ûndersyk útgien. Gewoanweis brûkt men de aoristus yn it Aldgryksk op trije wizen: (1) om een ôfrûne hanneling oan te tsjutten, lykas de doetiid yn it Frysk; (2) om in algemiene wierheid oan te tsjutten, lykas siswizen yn it Frysk; (3) om it begjin fan in hanneling oan te tsjutten, lykas it helptiidwurd “begjinne (te)” yn it Frysk. Yn it koart is de aoristus de tiidwurdsfoarm fan it ferline, siswizen en in begjinnende hanneling.
Ik lis de aoristus foar mysels út foaral as in soart doetiidsfoarm, wat natuerlik in ferienfâldiging is fan ‘e wurklikens. De aoristus is einliks folle komplekser mar dat sil ik hjir no net behannelje; ik wol de aoristus hjir maklik en koart útlizze om’t it de meast fasjinearjende tiidwurdsfoarm fan it Aldgryksk is. Fanwegen de trije haadbetsjuttingen fan ‘e aoristus sjoch ik de aoristus ek wol as de ‘fertellende foarm’ of de ‘fertellende tiid’. Nammentlik brûke de Griken de aoristus om ferhaaltsjes te fertellen.