Schreeuwn troch Dyami Millarson
Jister het Xie Wenting, jò ‘t yn Sinkiang gebeuren en opfúeded is, in speis út har streek feur ús ôlegerre môke: Sinkiang-rys. Jò wúe dat al in helen tiid môke, maar it koom der maar net fan en jister wie it einliks sòfier dat jò har streekspeis metje kúe. Ik wie heel múed en derom kúe ik net in berch dwaan om har mooi it katjen tò hilpen. Hier en der húelp ik har as jò derom friege, maar jò wúe feural dat ik der geweun by wie feur de geselligheid. Ik seich hò ‘t jò de wettels, de grienten en it weddenflaask yn lytje stokken snede en op in búes plaatse.
Ik húelp har mooi it útkiezen fan de júste pan; wy keizen in gotten wokpan út om de wettels, de grienten en it flaask yn tò bakken. Wenting lat my it aiste gedeelte dwaan omdat ik wet hò ‘t de pan behaundele wezze mot: ik dúech it gas en dan it fjúer oon om de wokpan jit tò metjen en dernooi spaatte ik af en tò wat watter yn ‘e pan om tò sjain aft de pan al klair wie om mooi tò katjen. Dà ‘t einliks de watterdrúppen begonen tò daunsen, wist ik dat de pan klair wie.
Wy gaiten fole end genooch sonneblomulje yn ‘e pan en dúegen it flaask deryn. Mooi gauwens kúene de wettels en grienten derby. Dà ‘t dit klair wie, nomen wy in gotten poot en dúegen de bakte wettels, grienten en weddenflaask op de beum fan ‘e gotten poot. Derboppenop dúegen wy waaskede rys en dan gaiten wy watter yn ‘e poot totdat it watter in fingerlid heiger dan de sjochte rysbeum stúech. It katjen fan de rys kúe beginne en sò môkene wy tús Sinkiang-rys. Op saft fjúer deure it omtrint in hail ieuwre feurdat de rys klair wie. Elkenien feeuwn de rys lekker.