Mulke helje mooi de fyts op in ryndei

Schreeuwn troch Dyami Millarson 

Jister wie it in bewolkede dei mooi steeuwers (regenbuitjes). Ik ging byomulke helje mooi Wenting afterop ‘e fyts. Ik hie schien fejetten hò ‘t ik by de mulkbieuwr komme most en dus weis it in heel aventieuwr. Ik ried mooi de fyts by Lekkum troch helendal nooi Wyns tò. It wie wal in bytke spannend om mooi Wenting afterop ieuwr de lytje breigen fan Wynser Binnepaed hanne tò riiden. Wenting kúe net gúed tjin de lucht fan ‘e dong en derom fetôlde ik har dat Ken Ho der aik net tjin kúe dà ‘t hy feur ‘e aiste keer op Wynser Binnepaed koom.

Wy hiene troch dat wy oon ‘e fekeersde kaunt fan ‘t watter wiene, maar ik wist nach net hò ‘t ik oon ‘e eeuwre kaunt komme most. Ik tacht hesop: “Wy binne ne tichtby Wyns. As wy mooi desalde wooi wieromgaie, dan deuret it langer dan de wooi nooi Wyns tò. En derom is it batter om geweun troch tò gain nooi Wyns en der tò proberen om it watter ieuwr tò stytjen.”

Dà wy yn Wyns oonkomen, wie der wrachtich in feerbeut. Wy wiene red! Wy gingen gau nooi de ieuwrkaunt tò en satte ús reis fut. Ik ried nooi Jelsum mooi Wenting afterop. Eeuwnderwoois hiene wy af en tò ryn. Gelokkich hiene wy in rynscherm mooibracht. Ynienen most ik stoppe omdat in snúer fan de tas twisken de spaken fan ‘e fyts komen wie. In kúbeest op it gôslaun koom neesgerrich nooi ús tò en in eeuwn yn it palderwatter lake ús út. It liike wal in spreukjen fan ‘e brúers Grimm. It lokte my om it snúer út de spaken las tò metjen en dà kúene wy futgain. Op ‘t lange lest seigen wy oon ús jochterkaunt in langen wooi en dat wie de wooi nooi de mulkbieuwr tò. Wy kaften 6 lyter heerlike mulke. Wy hewwe der jisterjaune al fan genoten en fanmeurn gai ik maar wier iense in wairme kap mulke feur ydieren by ús tús metje!

Leave a Reply

Fill in your details below or click an icon to log in:

WordPress.com Logo

You are commenting using your WordPress.com account. Log Out /  Change )

Facebook photo

You are commenting using your Facebook account. Log Out /  Change )

Connecting to %s