Fryndin wooibringe mooi trein nooi Schiphol

Schreeuwn troch Dyami Millarson 

13 september wie it sòfier. Xie Wenting súe de flucht wierom nooi Peking nimme. Heit ging mooi ús mooi nooi it treinstaatsjon. Hy feeuwn it maar drúefgeestich om har sò futgain tò sjain. Wenting júech heit in lasten omeerming en ‘k júech him aik nach in omhelzing feurdat wy mooineeuwr op de trein nooi Schiphol stapten. Heit bleeuwn after yn Jouwert. Yn de trein úefene Wenting Hollaunske lytje sinnen mooi my. Jò kúe al in búel gúed festain. It wie fluch gien mooi har kinnis fan it Hollaunsk en har útspraak wie fluch febattered.

Dà ‘t wy op Schiphol oonkomen wiën, gingen wy op slach nooi de check-in. Ien fan Wenting har twa koffers wie net de júste oofmieting. Jò most dingen fan d’ iene nooi d’ eeuwre koffer ieuwrsatte omdat de koffer mooi de fekeersde oofmieting krekt de koffer wie dy ‘t jò yn it rúm fan it flychtúch mooigain liete wúe en ne most it helendal eeuwrsom mooi dà twa koffers. Om har gerast tò stellen sei ik dat dit geweun is op de luchthaven en dat wy nach genooch tiid hiene. Jò wie it mooi my iense en noom rastich de tiid om de dingen ieuwr tò satten.

Nooi de check-in wie der nach fole end genooch tiid feur ús om mooineeuwr op Schiphol reeuwn tò ronen. Wy keuren launsum by de winkels troch en komen dà in spylgúedwinkel mooi freelapen fan Lytje Nyn tjin. Der bleeuwn wy in ameree omdat Wenting in jaifhewwer is fan kniinen. Jammergenooch hie Wenting dy mône fejetten om har ooine Lytje Nyn mooi tò nimmen. Heit hie nach tjin har seid: “Sò fejet min altyd wal wat as min op reis gie.” Jò hie aik har spylgúed-Ferrari en har ring fan platynum (it wyte geeuwd) tús fejetten. Jò sei dat it betjot dat jò gau wierom komme wil nooi Frieslaun. Dit wie har aiste fekansje yn it búttenlaun. It wie heel tryst om har dach tò sezen, maar jò sei dat wy kontakt haude sille troch WeChat (in seurt fan Sjynese fersy fan Skype).

 

Leave a Reply

Fill in your details below or click an icon to log in:

WordPress.com Logo

You are commenting using your WordPress.com account. Log Out /  Change )

Google photo

You are commenting using your Google account. Log Out /  Change )

Twitter picture

You are commenting using your Twitter account. Log Out /  Change )

Facebook photo

You are commenting using your Facebook account. Log Out /  Change )

Connecting to %s