Schreeuwn troch Dyami Millarson
De feurauders praatten faak ieuwr geesten. Maar hò motte wy geesten besjaie? Dy fraach komt al maar wierom. Geesten binne net geweune wezens. Jà hewwe nammentlik gin lichem. Geesten kinne staf beheerskje en in eeuwren form jaan en yn in eeuwren staf feraunderje. Omdat geesten net fan staf môked binne sò as wy, kinne jà salm fan form feraunderje. Evenwal staie geesten net las fan de staflike wereld en netieuwr; geesten binne eigentlik oofhankliken fan ‘e wereld en netieuwr. Ommers hew ik salm aik nach neut in fetôlsel leizen of heersd weryn de geest las stie fan de wereld en netieuwr; dat kin aik net eeuwrs omdat jà oofhanklik fan deze wereld binne.
Eeuwnoofhanklikens fan deze wereld is selfs net muchlik feur geesten. Meschien bestaie geesten wal net út staf, en binne jà net as livvende wezens dà ‘t wal in lichem hewwe, maar geesten gaie wal deechlik om mooi staf, livje wal deechlik yn deze wereld en hewwe aik har ooine bjaun mooi de wereld, wertroch jà him beynflúedje. Ommers, sonder bjaun, gin ynflúed – dat klinkt licht as Chinese of Konfúesyanistyse wysbegeerte, maar it is geweun aude minsklike wysheid. Af de ynflúed fan geesten op de wereld ne min af gúed is, hinget der maar fan oof en krekt sò is it aik by it minskdom.
Sò feschillend en ooinwys as de aad fan de minsk wazze kin, sò feschillend en ooinwys kin aik de aad fan de geest wazze. De minskenwereld is altyd ferwarsd en eeuwnseker ieuwr wat ne sedelik is, maar de geestenwereld is net eeuwrs; der binne altyd neje sedelike fragen feur elkenien en dit is it lat yn ús wereld. Geesten en minsken binne faak ambyfalent ieuwr sedelikens; jà wette troch de ieuwen hanne eigentlik net sò gúed wat jà wille. It ambyfalent wazze ieuwr sede is minsklik en geestlik.
Las nach fan de sedelike, eeuwnsedelike af sedeleuze ynflúed dy ‘t de geesten op de wereld hewwe kinne krekt sò as de minsken, is der in bjaun twisken de wereld en de geesten. Geesten staie net op harsalm. Geesten binne fan deze wereld yn itsalde sin dat bútteniedske wezens, as wy dat begrip ne oonnimme, tach fan deze wereld binne.
Geesten fan de wereld, dat ynsicht moste ne net fejette. Geesten binne manyfestaasjes, útteringen, fertalingen, wezzen, begrippen, kernen; de geest is in riedsel krekt as de minsk. Is de geest net in ooftreksel af oofschrift fan de wereld en de netieuwr? Maar de minsken binne dat aik! Wy binne in spegelbeeld fan ús wereld en omgeving en dat is net eeuwrs feur ôle eeuwre wezens en jairen op ús ieze. Aik binne geesten en minsken spegelbeelden fan har folk, taal en geweunte. Ne hewwe wy krekt festleid dat geesten manyfestaasjes binne.
De geest stie neut op himsalm, maar de geest is dus altyd in geest fan wat eeuwrs. Derom moste ne net ferjette feur ús begrippenleer dat de geest altyd in geest fan is, hy stie neut op himsalm en hy is altyd mooi wat ferbeeuwn; hy kin in geest wazze fan in minsk, fan in bron, fan in hús, fan in plak, fan in baim, fan in stien, en sò troch. In geest kin derom út it watter komme as in slang fan watter (dat is in fjainden streum af breige fan watter bope it laun), deze slang yn in perseun feraunderje liete en in gesprek fúere mooi ien dy ‘t by it watter komt.
De geest liet him fanauds faak aist sjain as de staf werfan hy de manyfestaasje is, en dernooi kin hy, as hy dat neudich fynt, fan form feraunderje en him as perseun sjain liete om mooi de minsk in gesprek tò fúeren.
Troch beteuvering af kinnis fan feraundering fan staf (alchemy) kin de geest himsalm begriplik metje feur de minsk as hy dat wil. Evenwal kin de geest syn staffenkinnis (dus alchemy af tjúenderee) brúkke om net syn tò wezzen as hy dat net wil. Tjúenderee is eigentlik geweun mair kinnis; wysheid is kinnis dy ‘t min brúkber fynt, tjúenderee is kinnis dy ‘t min naar fynt.
Nettjinstainde wedt wysheid úttere troch wezzen, tjúenderee troch daden; maar feur de feurauders wie wysheid tjúenderee en tjúenderee wysheid omdat nooi har geweunte wezzen en daden ien wiene. Trochdat geesten net (mair) storflik binne, hewwe jà ôle tiid om kinnis tò fergairjen, en dat is werom ‘t jà ferheven kinnis hewwe om staffen tò beynflúedjen nooi har sin.
Battere kinnis fan staffen is wat in storflike minsk ferheven môket, maar dat is aik werom ‘t de eeuwnstorflike geesten mair ferheven binne dan de minsk yn har kinnis; en mooi gottere kinnis komt gottere macht. De geesten yn deze wereld hewwe dus fole mair macht dan de minsken, dà ‘t minder betúft binne yn ‘e alchemy dan de geesten. Omdat de geesten fole end genooch wette, kin de minsk fan har lere; en as de minsk fan har lere blieuwt, dan sil de minsk troch de ieuwen hanne mair en mair tjúenderee en wysheid lere.
Ommers wiene alchemisten altyd tògelyks wyze wysgeren en tjúenders; en dy minsklike alchemisten hewwe aik fole bydreigen oon de omtwikkeling fan ús beschaving. Jammer genooch het min ne net ienich benul fan wat de alchemy, de audste staffenleer fan de wereld, ús tò bieden het wylens wy nach sò eeuwnwytend en eeuwnbeschaafd binne yn fergelyking mooi de eeuwnstorflike geesten.
De alchemy biedt fole muchlikheden, gúen besjaie dà muchlikheden as boppenetieuwrlik; byfeurbeeld feraundering fan form, feraundering fan staffen, genezing fan eeuwngeneeslike siektes en de bron fan de eeuwnstorflikheid! Súe dat ne net meu wazze? Werom hewwe wy tjinswezzich net mair sokke gúeje feurnimmens en dreumen yn it livven? De alchemy is in tiidleuzen belofte fan rykdom omdat it ús neje wereldynsichten oonbiedt.