Redding fan it Eilauners en de auderen har gefúelens

Schreeuwn troch Dyami Millarson

‘t Eilauners af Schiermonseigers weis nach troch maar sò ‘n 20 (twintich) minsken sprakke dà ‘t ‘k d’ Eilauner taal fanoof myn ferjierdei tò leren begoon. Nooidat ik ‘t Eilauners al mair dan 30 (dôtich) dagen wakker bestudere hie, tacht ik dat it tiid weis om in leerling tò fynen om mooi my de taal fan it Lytje Pole tò sprakken en úefenjen. ‘k Wúe ommers in reddingsplúech fan búttenlaunse jongeren feur it Eilauners opsatte om d’ aude ferjetten taal yn heiger oonsjain tò bringen.

33 (trooi-en-dôtich) dagen nooi ‘t begin fan myn Eilauner taalútdaging koom myn Ytaljaanse freeuwn Giovanni Pinto by my mooi de fraach om Eilauners tò leren omdat hy wal fole belangstelling hie feur deze taal, en dysalde dei hew ik him nach lesjeeuwn. Fan it eugenblik oof dat er de spritsen taal fan it Lytje Pole feur it aist heersd hie en de schreeuwn taal fan it Lytje Pole leizen hie, wied er yn de ban fan it Schiermonseigers. Sont 2016 (twadieuwzend sekstien) wúe Ken Ho aik al it Eilauners lere, en sò wienene der ynienen trooi jongejúed dà ‘t gotte belangstelling hewwe feur it behaud fan d’ eurspronklike ynlaunse taal fan it Lytje Pole. Ik hew de taal salm it aiste leersd, ik hie it al helendal eeuwnder de knivvel yn 52 (twa-en-fyftich) dagen en derom kúe ‘k Giovanni Pinto en Ken Ho gúed hilpe mooi it fluch leren fan deze aude taal.

Giovanni Pinto hie ‘t Eilauners al gúed eeuwnder de knivvel nooi 2 (twa) monden. Dà ‘t Giovanni Pinto ‘t Eilauners al gúed beheerske, wie Ken Ho nach maar krekt begoon mooi it leren fan de taal. Ik seich in kauns om mooineeuwr nooi Lytje Pole tò tò gain feur d’ aiste keer en derom neudde ‘k Giovanni Pinto en Ken Ho om mooi my nooi ‘t Eilaun tò gain. It liike my wal sò singelier om dit mooineeuwr tò dwaan. ‘k Wúe n’t allene ferschyne, maar mooi myn freeuwnen, dà ‘t aik beus fan d’ Eilauner taal haude. “Hò meu it wazze sil”, tacht ik by mysalm, “as wy mooineeuwr op de feerbeut fanoof Lauwerseich nooi Lytje Pole fôre! Ik hew ommers yn myn hele livven nach neut op ‘t Eilaun wein en de jongens aik net.”

Op 20 (twintich) augustus komen Giovanni Pinto út Ytaalje en Ken Ho út Hongkong mooi it flychtúch nooi Nederlaun tò en ús heit hôle har fan Schiphol op en reizge mooi har wierom nooi Jeeuwert, Frieslaun, tò wyls ‘t ik mooi Xie Wenting tús oon it feurbereidjen wie op har komst. De jonge heren wienene heel múed dà ‘t jà oonkomen en jà kúene op slach op bed gain nooi ‘t jà yten hienen. Op 21 (ien-en-twintich) augustus kúene jà nach reis Eilauner lytje sinnen mooi my úefenje tò feurbereiding op ús aiste faart nooi Schiermonseich en op 22 (twa-en-twintich) augustus wie ‘t dan sò fier.

Us heit, Xie Wenting, ik, Ken Ho en Giovanni Pinto gingen nooi Lauwerseich tò op de 22ste (twa-en-twintichste). Der hienen wy om 12 (túelve) ieuwre oofspritsen mooi de Hollaunse kranteschrieuwer Marie-Thérèse Roosendaal fan De Tillegraaf, de Frieske fotomôker Anne van der Woude fan De Tillegraaf en de mooi in Eilauner treeuwde freeuw Joyce van Bon fan d’ Eilauner erfgúedorganysaasje ‘t Heer en Feer om ineeuwr ôlegerre tò múetjen feur de feerbeut nooi it Lytje Pole. ‘t Friechgesprek begoon al oon ‘e festewal, ging om 12.30 ieuwre (túelve ieuwre dôtich) op de beut troch en deure fierder in helen dei.

Us komst wie al oonlieuwd mooi it bejocht: “Talewonder Dyami Millarson komt op 22 (twa-en-twintich) augustus om 3 (trooi) ieuwre nooi it Keuningshús tò mooi syn freeuwnen.” Der súene de laste sprakkers fan ‘t Eilauners by oonwezich wazze! Ne komen wy op it Lytje Pole en nomen in taksy nooi de bekinde raide fjúertúer fan Schiermonseich. Eeuwnderwoois peke wy Eric Augusteijn fan ‘t Heer en Feer en de Eilauner sprakker Martin Kok op. Der weis oon ús seid dat Martin Kok it meuste Eilauners sprakt.

By de fjúertúer begonen wy breedfúerich mooi Martin Kok yn ‘t Eilauners tò sprakken. Hy sei dat wy it gúed útsprakke aft wy op it Lytje Pole gebeuren en opfúeded wiene. Der weis ús troch de kranteschrieuwer friege: “Hò fyne jimme it ne dat ‘ste op Schiermonseich binne? Is ‘t krekt sò as jimme it feursteld hewwe?” Wy antweurdene op slach: “‘t Is krekt sò as wy feursteld hewwe. Dit ‘s aik it gefúel dat de taal ús al júech; sò mot it Eilaun derút sjain! It Lytje Pole sit yn de taal ynslútten, en omdat wy de taal leersd hewwe, fele wy ús hier op it Lytje Pole helendal tús. Wy binne túskomd. Hier heert it Schiermonseigers!”

Martin Kok fetôlde nach dat hy altyd in nochteren man wein het, maar om jongejúed it Eilauners sprakke tò heren, dat dúech him wal wat! Syn klúeke eigen wiene heeldal raid en wiet wezzen dà ‘t hy dat fetôlde oon Marie-Thérèse Roosendaal, en in pair trienen, dà ‘t er net betwinge kúe, biggelene fan syn tjaiken. It rôke him sòseer dat er ieuwr syn jeugd begoon tò praten en fetôlde dat hy gúene dingen eeuwrs dwaan wúed het. Wanneer in minsk yn it jaipste fan syn hets rôked is, dan begint er tò praten ieuwr syn jeugdwieromtinken.

Latter sieten wy reeuwn de tafel yn it Keuningshús mooi de eeuwre (heichbejiersde) laste sprakkers fan it Eilauners. Dà kúene n’t leeuwe dat jongejúed it Eilauners sò gúed leersd hienen. Dà ‘t jà ieuwrtjúegd wiene dat wy werklik it Eilauners sprakke kúene en dat it gin dreum wie, weizen jà ôlegerre al maar mair en mair oondien en begonen de nochtere Eilauner auderen stok feur stok tòmúk tò gieuwlen. It wie heel emosjoneel feur bejiersde Eilauners dat op har aude dei it Eilauners spritsen wedt, en wal troch jongejúed! Fiif feur túelve, sò seine jà, wie it Eilauners tach nach red. Och, it wie sò meu feur de auderen dat jà it nach mooimetje mochten dat jongejúed it Eilauners sprakke!

Leave a Reply

Fill in your details below or click an icon to log in:

WordPress.com Logo

You are commenting using your WordPress.com account. Log Out /  Change )

Facebook photo

You are commenting using your Facebook account. Log Out /  Change )

Connecting to %s