Schreeuwn troch Dyami Millarson
Fanauds het it minskdom derfan ieuwrtjúegd wein dat yder minsk in Siel het en dat deze Siel nooi de deud feurtleve. ‘t Eeuwnderscheid twisken Sielen en Geesten ‘s net dúdlik tò metjen, evenmin twisken Geuden en Sielen. Sielen binne Geesten, Geesten binne Geuden en Geuden binne Sielen. Sò is it ferhaal helendal reeuwn. Boppedat seich min eerder gin eeuwnderscheid maar feural hò ‘t Sielen, Geesten en Geuden ynineeuwrgrype.
Derom fleich foolgeuderee ieuwr fan ‘t iene folk nooi ‘t eeuwre en ‘s ‘t minskdom sont minskeheugenis al derfan ieuwrtjúegd dat der n’t allene minsken bestaie, maar aik wezens dy ‘t Sielen, Geesten en Geuden binne. Boppedat kin min heel aude seden en geweunten fan foolgeuderee yn ‘e geschydenis fan elk folk fan Europa tat China bemarke, eeuwndersikje en as ‘t der net mair ‘s, opnee ynineeuwr satte.
Foolgeuderee ‘s ‘t fansalm útbeeuwende af netieuwrlik greujende geleuf fan d’ oer- af netieuwrminsk der ‘t wy ôlegerre fan oofstamme en derom hewwe wy ôlegerre minsken yn ús fiere femylje, dus feurauders, dy ‘t oon ‘e foolgeuderee dúegen troch oon de Geuden tò offerjen as in teken fan auderliefde. Ommers seigen jà it delen fan flaask mooi har auders as liefde en derom wiene jà der grif fan ieuwrtjúegd dat it metjen fan blúedoffers (it slachtjen fan jairen) auderliefde, heiteliefde, mimmeliefde, nooistenliefde, minskeliefde, eerbied, freumheid en treeuw wie.
Yn har eigen, omdat jà as oerminsken tichteby de netieuwr stúegen, wie ‘t offer dat jà brachten oon ‘e Geuden in geestenmiel en sok miel wie dan netieuwrlik in feest. Offers wiene derom syn as feesten feur de Geuden en dà feesten fiersden de minsken graach omdat it mooi de Geuden wie en in starken bjaun mooi de Geuden júech oon elkenien. Sò werket dus aik it heel aude oergeleuf, folksgeleuf af netieuwrgeleuf dat fan Germaanse heit op seun en Germaanse mem op dachter sont minskeheugenis ieuwrerfd weis, en mooi deze kinnis kin dat wier opbeeuwd wezze. Súe ‘t net meu wazze as aude seden wieromkomme?