Skriiand tróch Ken Ho
De Ientéanét ies ‘n goo plak óm ienfemaasje tó déélen en ‘n grötteren pebliek tó bereeken. Uus taaelpróójekt het ek faiker dermei tó meikjen. Ien ‘n tiid wúr ‘t èalkeneen oeen krééaatief wörk dweit, wòdt de fraig fan ootúúrsrócht en soks al meer réélefâânt. En dit het Wiekiemeedieaa, ‘n wereldwiide bewééging mei as doeel óm kennis fóór èalkeneen tógonkliker tó meikjen, soender mis faiker mei tó meikjen.
Òp 1 oktoober 2018 wééad d’r ‘n lèèzing hèalden tróch Wiekiemeedieaa. Der kòòmen ek préésentaasjes oeen bòd jin ‘t tróch òòare ienstellingen fe-súrge wââden. Jéé heejen òp een of òòare wieze ‘n gaarwörking mei Wiekiemeedieaa óm ienfemaasje frie tó jòòn.
Allerèèast joog de dierektör fan Wiekiemeedieaa Neederlâând ‘n tóspraik. Jó hee ‘t oer de òprochting fan Wiekiemeediaa ien Aameerekaa en ek oer sien sústerienstellingen oer de heele wrââld. ‘n Belangrieken bòòadskip die ‘t jó fe-tòlde, wééad dòt Wiekiepeedieaa, dòt súksésfolste próójekt tó nó tó fan Wiekiemeediaa, tiege waaks ies. Só binne ienfemaasjes jin ‘t nâât mei de wörklikens oereenkómme, gaauw fe-wiedere.
De fòlgjende sprekker wééad sèm ‘n oenderseeker en bookenskrieuwer fan de âaldheid. Sien miessje wééad akkaadeemiese kennis oer méénsken fan froeger oeen ‘e pebliek tógonkliker tó meikjen. Mar hie wééad fuule próóbleemen tjiankómd, fóóral ómdòt de úniefersiteiten tòòten dòt jéé rócht òp sien bééldmaateriaalen en sèm tekst heejen. Dertróch kòòm hie ien próóbleemen, jin ‘t hie graig mei uus alle besprekke woêe. Sien bòòadskip wééad, wèès altiet tóròt dòt-toe mei róchtsaaken tó meikjen hest as ‘t óm ootúúrsróchtlike diengen géét.
De leste sprekker ien ‘e èèaste séssie wééad ‘n wiif fan Gélderlâând. Jó hee ‘n gaarwörking mei Wiekiemeedieaa óm èafgoeedienstellingen tó hèalpen jerre kòlléksjes online beskikber tó stellen. Faik friggen de méénsken het mei de ienfemaasjes jin ‘t jéé online beskikber steld heejen barre soêed. En jó see, “Wiekiepeediaa ies loslitte.” Soms koo ‘t krekt oerkómme as oft-toe d’r gin grip meer òp hest. Derom ròt jó uus oeen óm likj òp Wiekiepeedieaa tó begónnen. ‘n Fóórbééld wééad óm likje kórreksjes tó dwaaen, en tó sèèn hó ‘t òòaren òp Wiekiepeedieaa rééaageerje soêen.