Skriiand tròch Ken Ho
Froeger reizigen de méénsken nâât só faik as nó. En it wééad jitte meer só ien de iere twientigste eeuw. M’n mút deróm ‘m fóórstelle hó’t biesoender it wééad fóór Addie en Jo van Slooten de hele wrââld ien tó gaaen ien 1909. En jéé wééade te-gaare nei Sina (een moeene), Jaapaan (twaa moeenen) en Nederlâânds-Ynje (nèugen moeenen) west.
Òp 22 september 2018 wââd d’r ‘n bookpréésentaasje hiiroer hèalden ien HCL, it Históóriese Céntrúm Leeuwet. It book heette “wereldreis als omweg naar jezelf (wrââldreis as ómwei nei diesèm). Dòt faand iek ‘n mòòi beskriiand booknemme. De préésentaasje wââld tròch stikmennige peròòanen hèalden, en iek soog wòl dòt ‘n déél fan de oeenwèèzigen ien de saal fan HCL ek fan de femielje “van Slooten” òò-stamden.
De belangriekste bròn fan ‘t niej peblieséére book ies it wúrinneringsbook fan Jo van Slooten, jó ‘t mar ien 1940 fóór jerre daid it book tó skruuwen begòò. Wie soêen sódwaaende fóórsichtig wèèze as wie it book lèèze, waarskouwe de sprekker.
Ien de préésentaasje kòòm iek ek meer tó wetten oer de gewòòante fan froeger. As ‘n daame bòòan oeen ‘n wòlfarrend Frieske femielje, wââd Jo fan Slooten (te-gaare mei jerre susters) fóórsteld oeen óóare femieljes ien ‘e boer déé ‘t jó achttèèn jiir ââld wééad ien 1893. Dit wééad gongber déé. En hiir het Jo jerre tókomstigen man foenden, mei waa ‘t jó meerdere keeren òò-bretsen (biefóórbééld ien ‘n Aamsterdaamer Hootél ien maaet 1896) en wúrómfereenigd, tòtdòt jéé uuteindlik mei e-nèm trouwd wââden ien 1911.
Nei ‘n likj oer Jo fan Slooten jerre persòòanlike libben fe-tòld te hewwen, geeng de préésentaasje meer róchte òp de wrââldreis sèm. Fuule grappige mominten wééaden fe-tòld, déé ‘t ‘n déél fan jerre wúrinneringsbook fóórlèèds wééad. Ien Jaapan faal ‘t jer òp, só see jó, hó ‘t èarm de jaapanske kóóning d’r uut soog ien sien kóóniklike klaaen ien fergelieking mei ‘t gewòòane fólk. En jó skruuwde ek oer jerre èèaste belibbenis ien Aameereka, wúr ‘t jó fóór ‘e èèaste keer ‘n lift soog en broeekte. Jó hee ‘t oer de beweegende stoeel en jerre rééaaksje wééad grappig tó lèèzen.
Mei alle uus mooderne téchnooloogie óm uus henne, binne wie tjianwòddig al lang wend oeen lift, ootoo, kompjoeeter en só fút henne. Deróm ies de Jo jerre belibbenis fan tó minsten hoendert jir liiden só ientressant tó lèèzen. Jerre skrift hèalpt mie mie fóór tó stellen hó ‘t ‘t froeger wééad. ‘n tiid wúr ‘t sèm ‘n lift nâât só gongber wééad! Het kin tòch mòòier wèèze as tròch de tiid tó reizgjen en diengen fan froeger tó belibjen?