Oerstróómingen ien Frieslâând

Skriiand tròch Ken Ho

Tresòòar ies it bewaaerplak fan alles dòt mei Frieslâând tó meikjen hat. As ‘n oenderseeker fan ferskillende Frieske streektaaelen jin ‘t ien Frieslâând spretsen wòdde, meikje iek ek faiker gebroeek fan alle maaterieaalen ien Tresòòar. En iek staaen d’r altied oender de iendrok fan. Het graaet ies ‘t allegaartjen oeen booken, tiedskriften en audioo- en fiedieoo-maaterieaalen ien Tresòòae!

En òp 28 septimber 2018 hee iek wòl de kââns óm ‘n kiekjen ien ‘e keuken fan Tresòòar tó nimmen.

Mei it teemaa “Toezend jiir tófuule wetter: Oersicht fan oerstròòmingen ien Frieslâân”, woêed de dieréktúúr fan Tresòòar Haya Bijstra, ‘n roendleiding jòòen oeen ‘n nieskiirigen pebliek. Èalkeneen wet dòt Nederlâând nâât bestaaen kend hee as der gin dieken bouwd wééaden. En dit ies al jitte wieader ien Frieslâând, ‘n próófiensje die ‘t só tiachtbie de kúst leit dòt oerstròòmingen froeger tiege faik fóórkòòmen. Dòt it wetter en Frieslâând só’n tòkken bâând mei e-nèm hewwe, ies ‘t deróm lóógies dòt “oerstróómingen” ‘n belangrieken oenderwerp ies as ‘t óm de kólléksje ien Tresòòar géét.

Mei ‘n kópjen tee fóór èalkeneen leidde de dieréktúúr uus allerèèaste nei ‘n kaimer die ‘t ‘n fliir oender de beginzen groend looi. Der wééad ‘n péamaanénte téntóóanstelling tó sèèn fan Frieslâând ien ‘e midseeuwen. Ien ‘e tiasteren kaimer begòn hie de skiednis fan ‘t wetter tó fe-tòllen. De nóóadsee, de waddensee en ‘t festâând wééaden as oeengriepingspúnt broeekt óm tó fe-tòllen hó ‘t Frieslâând ‘m tròch de eeuwen henne oentjoog. D’r wééad fuule uutwikseling west. De meste déélnimmers wééaden ââldeliiad, jin ‘t ‘n búlte kennis oer ‘t flieden fan jerre èalders òpdeent heejen. Jéé praatten fan-òò jerre een belibbenis déé ‘t  de dieréktúúr ‘t oer de skaa fan oerstróómingen hee. Biefóórbééld wééaden de oerstróómingen fan 1701 en 1703 faiker oeenhelle, jin ‘t òp sien búúat de ââldeliiad tienke doogen oeen de oerleevering fan jerre èaldes. ‘n Graaete dieskússje wééad faik de riesseltaaet, en it wééad tiege kèaslik.

Dernei geengen wie wúrom nei de beginzen groende fan Tresòòar óm mei ‘n brèège oer tó gaaen nei ‘t gebouw fan Aafoeek. Wie geengen allegaar nei de déépoo, wúr ‘t de ââldste stikken jin’t Tresòòar en aafoeek aa hèèant hewwe, bewaaed wââden. D’r lòòi ‘n graaeten kâât fan Frieslâând ien de sâântèènde eeuw, en m’n koo sèèn dòt Frieslâând froeger fuule likjer wééad. ‘t Tjianwòddige Frieslâând het fuule tó tankjen oeen lâândwinning mei hèalp fan de dieken. Só wééad de Iesselmer oentstinzen déé ‘t ‘t graaete òò-sluutdiek oeenleid wââd. Nieje groenden kòòmen fóór déé ‘t jéé dròògleid wââden.

a ien ‘e déépoo soog iek ek históóriese frágminten jin ‘t uut ‘e midseeuwen daatééren. Jéé wââden goo twiske plaastiek skiiven bewaaed. ‘t wééad ‘n mòòie roendleiding, en iek hef só’n nócht hèèand.

Leave a Reply

Fill in your details below or click an icon to log in:

WordPress.com Logo

You are commenting using your WordPress.com account. Log Out /  Change )

Facebook photo

You are commenting using your Facebook account. Log Out /  Change )

Connecting to %s