Watterschipsdei tò Jeeuwert

Schreeuwn troch Ken Ho

It watter is belangryk feur ús minsken. Sonder watter kinne wy net livje. En dit is feural wier feur minsken yn Nederlaun, ‘n laun dat bope de watterspegel heeuwn wedt mooi behulp fan dyken.

De Watercampus Leeuwarden (Qatterkampus Jeeuwert) is ‘n ynstelling dy ‘t ‘m ynsat feur ‘t watter net allene yn Nederlaun mar aik yn ‘e hele Europa. Op 22 septimber 2018 wèz de ooftraap nimd feur de “European Water Tech Week Leeuwarden” (Jò wyk fan Europese Wattertechnology tò Jeeuwert). Jò hele wyk sille der minsken mooi belangstelling feur ‘t watter byineeuwr komme. En as de oonron feur de gotten fergadering fan fakkundigen wèz er ‘n epen dei op teeuw sat.

En ‘t het fole minsken oonlúkt.

Dà ‘t wy op ‘e dei de watterkampus oonkomen, fúel ‘t my op dat ‘t heel got wie. Tò’n aiste kleeuwen wy ‘n lytjen berch op wer ‘t ‘r ‘n tenteunstelling tò sjain wie. Ik seich wal dat er ieuwral ben mooi har auders wiene. Feural wiene er heel lytje ben jà ‘t har ieuwral feur yntresseerje. Twa gotte ballen dà ‘t mooi ineeuwr ferbeeuwn binne, liegen op ‘t fjild op ‘e kampus en tjenen as ‘n saal feur tenteunstellingen. Binnen ‘t gebeeuw wiene minsken tò sjain dà ‘t blauwe sjeurt oon hiene. Jà wiene de mooiwerkers fan ‘t watterbedryf vitens, de gotsten drinkwatterleveransier yn Nederlaun. Jà wiene dwaande om de publyk tò ynformeerjen wer ‘t syn drinkwatter wooi komt en sò fut hanne. Ik prate mooi ‘n man dy ‘t my útliech dat ‘t watter út ferschilllende gebieden heel eeuwrs smôket. Dat komt troch de ferschillende greeuwnlagen dà ‘t op de smaak fan ‘t watter op ‘t lange lest ynflúed hewwe. Salm komt ‘r út Zwolle, sei ‘r, en ‘t watter der smôke wat eeuwrs dan hier omdat ‘r mair kaalk yn sit. Ik hef ‘r salm fole fan leersd, en ik feeuwn ‘t ‘n mooie ynleiding tat drinkwatter feur besiekers.

Dernooi giene wy beide nooi ‘t hôlegebeeuw, wer ‘t wytenschippers ieuwr ferschillende aspekten fan it watter presentaasjes diene. Nooist de geweune presentaasjes wiene der aik ynterakjes mooi dà neesgerrigen. Der wie ‘n minsk yn har laboratoriumpak en jò wie blykber op syk nooi ‘n ien dy ‘t teater mooi har spylje woe. Ik ging jaune har, en jó hôle trooi ferschillende buizen tat ferschyn. Elke buis hie syn ooine nôme, en jà hietten liefde, kwaidens en treurnis. Jò sei dòt ik myn eigen ticht metje en myn mulle epen dwaan most. Elke keer dat jò my ‘n drúp fan ‘t watter fan elke buis drinke lat, friege jó aft ik itsalmde gefúel fielde as dat wat tòschreeuwn wie oon ‘e buis watter. De teater wie wal smúk, al hie ik der bynooi yn leeuwd!

Leave a Reply

Fill in your details below or click an icon to log in:

WordPress.com Logo

You are commenting using your WordPress.com account. Log Out /  Change )

Facebook photo

You are commenting using your Facebook account. Log Out /  Change )

Connecting to %s