Wigle fan Aytta fan Swichum: In fergetten Fryske gelearde

Skreaun troch Ken Ho

It mystery fan in fergetten Fryske gelearde

Op 7 oktober 2018 waard der in lêzing jûn yn it Frysk Museum (Fries Museum) yn Ljouwert. It gie oer Wigle fan Aytta fan Swichum (Viglius yn it Latyn), in Fryske rjochtgelearde dy’t troch syn bekwamens syn karriêre op it mêd fan de polityk opbouwde. Al wie er mar as soan fan in hearenboer berne, wist er úteinlik ûnder mear de adviseur fan de lânfâdes, fan Karel V en fan Filips II te wurden, wat ûntinkber wie foar ien dy’t net by de adel hearde. Nettsjinsteande de hege polityske macht dy’t er yn de rin fan syn libben krigen hie, waard er gau fergetten nei syn dea.

Earsucht: Fan in hearenboer oant rjochtenprofessor

De lêzing foel my in protte ta. Yn in saal mei amper 100 sitpleatsen, hearde ik it boeiende ferhaal fan Viglius ta dat fersoarge waard troch de histoarikus Josse Pietersma. In bild kaam my dúdlik nei foaren oer hokker minsk aft Viglius wie. It earste yndrok wie dat er tige earsuchtich wie. En dit wie, sa’t ferklearre de histoarikus, net sa frjemd yn dy tiid, nammentlik yn de 16de iuw. Doe wiene de Nederlannen jitte net foarme sa’t wy it lân hjoed de dei kinne. Der wiene folle gewesten dy’t elk ta in lânshear hearde. Algeduerigen waarden der lytse oarlogen hjir en dêr focht, en dêr kaam nea rêst ta.

Mei dit byld yn it efterholle, begriep ik stadichoan mear wêrom’t Viglius sa ambisjeus wie. Sjoch, er begûn as in rjochtenstudtint dy’t him troch syn talint ûnderskaat. Yn de âldens fan 25 jier waard er al heechlearaar yn de rjochten yn Padua en letter waard er sels de rector magnificus te Inglostadt yn 1538. Yn de lêzing ha ik begrepen dat Erasmus, in bekinde humanist, skriuwer en filosoof, him ea oanbean hie om him as syn opfolger op te nimmen. Dit hold yn dat Viglius Erasmus syn biblioteek en sels syn neilittenskip ervje soe nei de lêstneamde syn dea. Foar oaren soe dat oanbod faaks foldwaande foar harren smaak wêze, sadat se harren tenei mei de wolfeart libje soene. Mar dat wie net sa foar Viglius, dy’t Eramus syn oanbod ôfsloech en syn gelok op it mêd fan polityk te sykjen begûn.

En doe kaam in fraach by my op, wêrom’t Viglius nei syn dea yn ferjitnis rakke is. Dit is ûnlogysk foar ien dy’t sawol earsuchtich as bekwaam wie, doch? Ast mar de ambysje en de nedige feardigens hast, kinst doch altyd dyn doel berikke?

Steatkundich sjeny

It antwurd fûn ik oan it ein fan de lêzing. It stie klear dat Viglius folle steatkundige talint hie. Der bestie gjin twifel oan. Er hat it immers foar inoar krigen, dat de gewesten yn it hjoeddeistige Nederlân gearbrocht waarden. Oan de transaksje fan Augsburg hat er wichtige bydrage opsmiten, in mylpeal yn de Nederlânske skiednis. It wie benammen doe dat Nederlân tanksij syn ynset foar de earste kear in ienheid waard. Boppde dat woe er de status fan it Latyn behâlde as de taal fan de hiele Jeropa. Folle maatregels dy’t er ynfierde hiene as doel it lân te stabilisearjen en oarlogen te mijen. Hjir sjogge wy ek dat Viglius syn royalistyske/monarchistyske neiging ta útdrokking komt.

Mar syn sukses as in royalist/monarchist, wie tagelyk ek syn ûndergong.

In ûnearfolle ôfsetting: Yn ferjitnis reitsje

In jier foar syn natuerlike dea yn 1577, waard er troch de opstannelingen oanhâlden en fan syn amt ôfset. Se wiene de protestanten dy’t harren eigen taal prate woene. Oft Viglius tafallich in ûnskuldich slachtoffer waard fan in barren dat bûten syn kontrôle lei, kin ik net samar sizze. Men kin seker derfan útgean dat Viglius syn machtige posysje oant syn dea behâlde kind hie, soe er libbe ha yn in oare tiid wur’t de etnonationalisten net oan de macht kommen wiene. Mar oan de oare kant kin men him ek de skuld tajaan dat er te ambysjeus wie. Feitliken wie der in folksferbûn foarme tusken de adel en it folk mei it doel de topamtners ôf te setten. En de fraach is dêrom, oft Viglius syn ambysje oer syn stân hinne te ambiearjen (want doe wie it sa, dat minsken dy’t net ta de adel hearden, beskate funksjes yn de oerheid net krije mochten. Mar Viglius het just dy funksjes beset, wat eallju nei alle gedachten argewaasje joech) de reden wie dat de adel mei it folk yn opstân kaam.

Mar in ding is wis. De opstân fan de protestanten naam de oerhân, en Viglius lijde derûnder. Er stie oan it sintrum fan de macht. As it yn de lêzing sein waard, koene der mar twa utkomsten foar immen yn sokke machtposysje wêze. It gie goed mei ihm as alles goed gie, mar as alles min gie, krige er der de skuld fan en waard er de wyt fan allemans lilkens. Dêrom waard er yn sa’n ûnearfolle tâstân ôfset, en rakke gau yn ferjitnis. Yn it koart, er hearde ta it minne ferline, sa tochten de minsken.

Viglius syn moderne tinkwize: Boarnenûndersyk

Oft Viglius flater makke hie om te besluten, him mei polityk te bemuoien, ha ik der sels gjin mening oer. Ik lit myn oardiel oer oan de goadin Fortuna, dy’t oer it minsklik gelok en ûngelok hearsket. Mar syn súkses as in gelearde koe net betwivele wurde. Er wie de earste dy’t nei de boarnen ûndersocht as it om in konflikt gie tusken de foarsten. Yn de midsiuwen wie it de praktyk om allinnich kommentaren te rieplachtsjen dy’t oaren skreaunen. De boarne waard faak net iens sjoen. Mar Viglius laat in ôfbraak fan dizze tradysje yn. Foaral doe’t er dwaande wie om de ferskate gewesten yn Nederlân by inoar te bringen, makke er wiidweidich gebrûk fan de ûndertekene oerienkomsten. Dêrmei bewiisde er dat it gewest offysjeel sjoen ta in sintraalorgaan hearde, wat it proses fan ienheidsfoarming yn Nederlân makliker makke. Hjirfoar moast er him doe nei ferskate plakken bejaan om de juste oerienkomsten te finen. Mar dit liet him letter sjen dat it him de muoite weard wie.

Syn technyk fan boarnenûndersyk is hjoed de dei jitte brûkt yn rjochtgeleardens. It is jitte hieltiden aktueel. Dêrom kinne wy ek sizze, dat Viglius in man wie mei syn foet yn de midsiuewen mar mei syn holle yn de moderne tiid.

Leave a Reply

Fill in your details below or click an icon to log in:

WordPress.com Logo

You are commenting using your WordPress.com account. Log Out /  Change )

Facebook photo

You are commenting using your Facebook account. Log Out /  Change )

Connecting to %s