Skreaun troch Dyami Millarson
In rjochter hat nea de foech om wetjouwing te meitsjen noch mei er op ‘e stoel fan ‘e wetjouwer sitte gean troch befel te jaan foar it ta stân kommen fan wetjouwing. Dit is in rjochtsregel yn it Nederlânsk rjocht.
Rjochtsregels binne gedrachsregels dy’t de Nederlânske oerheid fêstlein hat mei wetjouwing en dy’t foar elkenien itselde binne – it gelykheidsbegjinsel. Men kin it rjocht beskôgje as in samling rjochtsregels.
Der binne rjochtsregels om te soargjen dat der foar elkenien jildende dúdlike ôfspraken binne yn ús maatskippij. Rjochtsregels binne der ek om de normen en wearden fan ús maatskippij te wjerspegeljen.
Rjochtsregels kinne normatyf of net-normatyf wêze. Binne se normatyf, dan rjochtsje se har op it beoardielen of stjoeren fan minsklik gedrach. Binne se dat net, dan rjochtsje se har net dêrop.
Wat men moat, mei of net mei is normatyf. In beskriuwing fan rjochtsbegrippen is net-normatyf. Om normativiteit goed te begripen, ferlikenje it ferskil tusken subjektiviteit (dat wol sizze: miening, gjin feit) en objektiviteit (dat wol sizze: gjin miening, mar feit).
Oan alles dat normatyf is, sit in wearde-oardiel; in normative rjochtsregel jout in miening oer minsklik gedrach of it no goed of min is – sa’n miening kin dus goedkarrend of ôfkarrend wêze.