Skriiₐnd tróch Dyami Millarson
Òp Friede twaa Nóóvember wééₐd iek tegaare mei Ken Ho ien Hielepen óm mei de èₐldste sprekkers fan ‘t Hielepes tó praatjen en óm nei jerre uutspraik tó herkjen. Mien fééₐr wéé der ek bie; hie koo jitte gin Hielepes praatje mar koo ‘t al wòl festaaₑn. De èₐlderen faanden ‘t prachtig: Jèè faanden mien uutspraik fan ‘t Hielepes tiege goo en jèè faanden ‘t só mòòi hó ‘t wie de Hieleper spraik lééₐd hewwe, ómdòt ‘t Hielepes nó tòch wòl ien gefaar fan uutsterwen kómt.
Iek see ek tjiₐn jem dòt klainken de bouwstéénen fan ‘e Hieleper spraik binne, wie graig ââlde wòdden broeke meie en we fòòral de spraik fan èₐder sprekke wòlle só as ‘t wééₐd ien ‘e tiid fan van der Kooy. Mien fééₐr fetòlde dòt iek altieten mei klainken dwaaₑnde west hef, het feklaaret wúróm iek ‘t Hielepes al só goo uutsprekke koo, wiels iek jitte nòòit èₐder mei de èₐldste sprekkers fan ‘t Hielepes spretsen hee.
Wiels wie òp seek wééₐden nei ââlde wòdden ien ‘t Hielepes, kòòm uus eeregast Baukje, jó ‘t ‘n kwieken akst-en-akstig-jiirige sprekker fan ‘e Hieleper spraik ies, mei ‘n mòòi fòsjen ien ‘t Hielepes. ‘t Faal mie ómmes òp dòt jer uutspraik ‘n lik óóₐs wéé ómdòt se de aa neffens de èₐldere uutspraik, der ‘t iek al ‘s oer lèèsd héé ien ‘t wörkjen fan B. de Boer, uutsprekte. Jó wist ek jitte dòt jer èₐldes èₐder fèᵤer, lèᵤer en nèᵤgen seeden, wiels èₐlkeneen nó faᵤer, laᵤer en naᵤgen seit.
Iek wòl ââlde klainken, wòdden, sprekwòdden, fòsjes en só fan ‘t Hielepes festlizze, jin ‘t fútrekke tó gaaₑn driigje. Nó hir ‘t ââlde Hieleper fòsjen fan Baukje, dòt nòòit meer fejetten wòdde mei, óm mien ééₐste Hieleper stikjen mei òò tó sluuten:
Mem sòl oer de pòòlen kiekje,
As feer hest kómt,
Den nimt hie fòòr Grietjen ‘n kermisdòkke [*] mei,
En fòòr Piet ‘n trómmelòn.
Graig soêₑd iek dit fòsjen jitte ‘s ééwen ‘n twaade keer fan Baukje heere wòlle óm mie ‘r echt wis fan tó wèèzen dòt iek ‘t goo òpskriiₐnd hef fòòr ‘t neigeslacht en fòòr uus lééwe lèèzers.
[*] Note from 12 January 2022: I was in doubt in 2018 whether it ought to be dòkke or dókke, as I seemed to hear dòkke. I was right to hear dòkke. B. de Boer on p. 13 of his phonetic work mentions this word with a phonetic transcription, indicating that it ought to be pronounced dòkke.