Skreaun troch Dyami Millarson
Om’t Google+ in programmearringsflater hie dy’t de persoanlike data fan in soad minsken bleatstelle koe en it programma toch al gjin sukses wie fan ‘e lege gebrûkerbelutsens wegen, hat Google oankundige op 8 oktober dit jier dat se mei Google+ wolle ophâlde en dat Google+ echt te bestean ophâlde sil yn augustus 2019.
Ut statistiken die wol blike dat it grutste part fan ‘e “gebrûkers” fan Google+ mar 5 sekonden gebrûk makket fan it programma en it dernei gau wer sluut at om’t se de yndrok hawwe dat de ynformaasje, dy’t se te sjen krije, heel saai is. Sadwaande hat Google+ gjin besteansrjocht. Wy kinne fan it ferhaal fan Google+ in soad leare:
Foar minderheidstalen is it ek belangryk dat de oandacht fan ‘e minsken lûkt wurdt en dat se net al nei 5 sekonden harren mei oare dingen dwaande hâlde wolle. Dêrom moat de ynformaasje fan en oer minderheidstalen aardich en goed presintearre wurde oan ‘e minsken en harren belutsenheid moat dêrmei opwekke wurde.