Somtemets is omstâljen needsaaklik foar kritetalen

Skreaun troch Dyami Millarson

Omstâljen is it wennen fan kij oan in oar plak yn ‘e stâl, itjinge foar tydlik ûngemak by de dieren soarget. Men kin it wurkwurd ek as byldspraak brûke en dan betsjut omstâljen gewoan it wennen oan in ûngemaklike nije situwaasje (miskien nei’t men weigien is út syn fertroude plak).

Wêrom wolle minsken bedrige diersoarten rêde? Se dogge it gewoan, en somtemets is it needsaakalik om diersoarten te rêden troch hja yn in dieretún te setten. De dieren moatte dan efkes omstâlje leare, mar úteinlik giet it almeast wol en binne de wylde dieren toch wer reedlik gau wend oan har nije omjouwing. Miskien is dit net ordentlik, mar men wol dan it wisse foar it ûnwisse nimme en soargje dat it bedrige diersoart yn elts gefal jit oerlibje kin.

Sa is it krekt mei bedrige kritetalen, dy moatte somtiden ek omstâlje yn ‘e tsjinwurdige tiid om oerlibje te kinnen. As men wol dat in bedrige kritetaal oerlibbet, dan moat men jin iepenstelle foar alle mooglikheden om dit doel te berikken. Lichtwol moatte de minsken wenne oan ‘e nije situwaasje, dêr’t de kritetaal troch oerlibje kin, mar alles went wol.

Yn ‘e tsjinwurdige tiid moatte lytse talen perfoarst oerlibje troch mobyl te wêzen en brûkt te wurden yn plakken fier bûten it oarspronklike plak dêr’t se fanouds altiten sprutsen waarden. De nije tiid ferget nije oplossingen; sa’n nije oplossing easket faaks gewenning, mar it giet om it hegere doel. Beammen, dy’t net meibûge mei de wyn, brekke; it is bûge of barste, en dêrom moat men leare omgean mei it feit dat der bûten it oarspronklike plak folle sprekkers ûntstean sille en harren gebrûk fan ‘e kritetaal om utens echt omearmet en fuortsterke wurde moatte sil. It ynternet biedt dêrby echt in útkomst.

Leave a Reply

Fill in your details below or click an icon to log in:

WordPress.com Logo

You are commenting using your WordPress.com account. Log Out /  Change )

Facebook photo

You are commenting using your Facebook account. Log Out /  Change )

Connecting to %s