De banden waarm hâlde mei kritetaalsprekkers om utens

Skreaun troch Dyami Millarson

Myn foarige artikel gong oer it omstâljen fan bedrige kritetalen en oer de gewenning oan nije kritetaalsprekkers dy’t om utens ûntstien binne, itjinge wol sizze dat in protte minsken de taal om utens leare sille en dat de mienskip hjiroan wenne moat.

It wennen oan ‘e nije situwaasje is belangryk, mar men kin ek jit in soad dwaan foar ‘e sprekkers, dy’t om utens ûntstien binne. Nammentlik moatte de banden mei de mienskip om utens waarm hâlde wurde en ek moat de sprekkers fan ‘e mienskip om utens mei elkoar yn kontakt komme.

It is dêrom belangryk om it ynternetgebrûk yn in lytse taalmienskip te befuorderjen en om online sintrale sammelplakken te hawwen. Men kin Skype, YouTube, Twitter, WordPress, op Google sjenbere websteden en oare metoaden brûke om dit doel te berikken.

De online aktiviteiten fan lytse taalmienskippen moatte drastysk tanimme, om’t de tsjinwurdige wrâld mobilens fereasket. De taal moat in wrâldreizger wurde. As de taal troch it ynternet de wrâld oer gean kin, dan sil it teminste wol earns yn ‘e wrâld in nij plak fine kinne en it sil dan wol sachs net mear útstjerre.

Leave a Reply

Fill in your details below or click an icon to log in:

WordPress.com Logo

You are commenting using your WordPress.com account. Log Out /  Change )

Facebook photo

You are commenting using your Facebook account. Log Out /  Change )

Connecting to %s