Kritetalen as wrâldreizgers

Skreaun troch Dyami Millarson

Troch de tanimmende mobilens giet jongerein fan lytse taalmienskippen fuort út harren barteplak dêr’t harren eigen taal sprutsen wurdt, en sadwaande binne folle lytse kritetalen yn delgong komd. It hoecht dochs net sa te wêzen. Kritetalen kinne ek oeral yn ‘e wrâld meidrêge wurde en it makket echt net út wêr’t men hinne giet want men kin de taal dochs altyd meibringe. De eangstme om de taal te ferliezen troch mobilens is goed te begripen, der sit in kern fan wierheid yn, mar it biedt ek mooglikheden, dy’t sjoen wurde moatte.

Eltse lytse taal kin maklik in wrâldreizger wurde troch online gebrûk. It makket net út at men yn Amearika, Sina, Ingelân, Ruslân, Japan, Koreä, Nij-Seelân, Argentinië of earne oars is, want men kin gewoan syn laptop iepene of syn telefoan derby pakke en dan kin men yn kontakt komme mei de oare sprekkers fan jins taal. Dit ferget dochs wol mear skriuwfeardigens en men moat ek goed leare skriuwe yn syn eigen taal. As men net mear skriuwt, dan sil de delgong fan sa’n kritetaal wol hurd gean.

Folle kritetalen binne sprektalen en programma’s lykas Skype en YouTube biede in grutte útkomst foar sokke talen. Lykwols moatte lytse talen dochs ek in skriuwtaal hawwe dêr’t de minsken harren mei útdrokke kinne sûnder stimgelûd. Nammentlik is de “stille kommunikaasje” fan skriuwen ek tige belangryk yn dizze wrâld en dêrom moat dêr ek oandacht oan jûn wurde; kritetaalsprekkers moatte net de flater meitsje om alline mar de sprutsen media te “kolonisearjen”, mar hja moatte ek harren plak op net-sprutsen of stille media ynnimme, oars is de taal net sjenber genôch. De taal moat oeral in foet oan ‘e wâl krije.

Leave a Reply

Fill in your details below or click an icon to log in:

WordPress.com Logo

You are commenting using your WordPress.com account. Log Out /  Change )

Google photo

You are commenting using your Google account. Log Out /  Change )

Twitter picture

You are commenting using your Twitter account. Log Out /  Change )

Facebook photo

You are commenting using your Facebook account. Log Out /  Change )

Connecting to %s