Materieel en formeel rjocht: Wat is it ferskil?

Skreaun troch Dyami Millarson

It is net altiten maklik foar begjinners yn it rjocht om ûnderskie te meitsjen tusken materieel en formeel rjocht. Formeel rjocht hat betrekking op ‘e foarm fan it rjocht, en dêrom wurdt it ek prosesrjocht neamd. Materieel rjocht hat te dwaan mei de ynhâld, en dêrom wurdt it ek gewoan posityf of objektyf rjocht neamd; it is gewoan it rjocht yn syn algemienheid. Dus yn it koart, formeel rjocht giet om ‘e foarm en materieel rjocht om ‘e ynhâld.

Men kin materieel rjocht omskriuwe as de rjochtsregels dy’t gean oer hoe de minsken yn ‘e maatskippij harren tsjin inoar ferhâlde moatte. Men kin formeel rjocht tagelyks omskriuwe as de rjochtsregels dy’t gean oer it bewarjen fan it materiële rjocht. Mei oare wurden, it materiële rjocht is itjinge dat foarskreaun is oan alle minsken yn ‘e maatskippij en it formele rjocht is itjinge dat útfiering jout om it foarskreaune yn stân te hâlden. It formele rjocht kin beskôge wurde as de beskerming fan it materiele rjocht.

It is moai om te betinken dat it rjocht in stelsel is dat himsels yn stân hâldt. It posityf rjocht kin net sûnder it prosesrjocht; wylst it prosesrjocht it objectyf rjocht ferdigenet, beskriuwt it objectyf rjocht hoe’t alle minsken yn ‘e maatskippij mei elkoar om te gean hearre. Materieel en formeel rjocht binne begrippen dy’t oan ‘e basis steane fan ‘e rjochtswittenskip, en elkenien moat se einliks kenne. Men soe wol sizze kinne dat it materieel en formeel rjocht de yin en yang fan it rjocht binne; de ien kin net sûnder de oar bestean, en hja hâlde elkoar dwaande.

2 comments

    • Goejûn Peter,

      Gjin tank, jo hawwe ek ús bloch stipe en wy binne dêr tige tankber foar.
      Ommers hawwe jo ús bloch al hast in moanne folge sûnt 2 novimber dit jier en it is dus in aardich momint om wat mear oandacht oan jo wurk te jaan.
      Ik hie earder noch gjin tiid om alles ris rêstich troch te lêzen, mar krekt hjoed seach ik de kâns dêrfoar en dêrom al dy stjerkes!

      Mei freonlike groetnis,

      Dyami Millarson

      Liked by 1 person

Leave a Reply

Fill in your details below or click an icon to log in:

WordPress.com Logo

You are commenting using your WordPress.com account. Log Out /  Change )

Facebook photo

You are commenting using your Facebook account. Log Out /  Change )

Connecting to %s