Rjochtsje op tiidwurden by it learen fan it Latyn

Skreaun troch Dyami Millarson

Haadwurden, eigenskipswurden en foarnamwurden lûke de oandacht by it learen fan it Latyn om’t hja namfallen hawwe. Studinten fan it Latyn hawwe dêrom foaral de neiging om op namfallen te rjochtsjen en de essensje fan ‘e Latynske sinsopbou te ferjitten: it tiidwurd.

Haadwurden en sa binne ek tige ynteressant, mar einliks moat in studint fan it Latyn, as dy de taal ek echt sprekke wol, him rjochtsje op tiidwurden. As er de tiidwurden goed yn ‘e macht hat, dan kin er maklik de namfallen oanleare. Salang as de tiidwurdeb der mar goed yn sitte, dan giet de rêst wol fansels.

Tiidwurden binne echt de essensje fan it learen fan ‘e Latynske taal, foaral as men it ek brûke wol foar skriuwen en sprekken. Fansels kin elkenien him ôffreegje wêrom’t er it Latyn sprekke wol, en it antwurd op dizze fraach kin ik net jaan yn dit artikel, mar it haadpunt is: As men it dit foarneamde doel hat, dan moat er him hielendal rjochtsje op tiidwurden.

As men jin foarstelt dat bern it Latyn leare om de taal goed skriuwe en prate te learen, dan soe it de maklikste wei wêze as hja sa eer mooglik begjinne mei it learen fan tiidwurden, net namfalsfoarmen. De tiidwurden steane echt oan ‘e basis fan ‘e struktuer fan ‘e Latynske taal, en namfallen binne mear de puntsjes op ‘e i. Sadwaande binne tiidwurden ûnmisber en kin it bern kennis fan ‘e namfallen wol misse oant it genôch oer ‘e Latynske basisstruktuer wit.

Leave a Reply

Fill in your details below or click an icon to log in:

WordPress.com Logo

You are commenting using your WordPress.com account. Log Out /  Change )

Facebook photo

You are commenting using your Facebook account. Log Out /  Change )

Connecting to %s