Wat as dat opspatend watter ne in wattergeest wie?

Schreeuwn troch Dyami Millarson

Watter is de gotste livvensbron feur it minskdom. De minsk drinkt watter om livje tò blieuwen. Yn it watter is aik in haipe fúedsel tò fiinen. Fiskerjúed hewwe der troch de eeuwen hanne tankber gebrúk fan môke. Sò het de minsk geslacht op geslacht bestain blieuwe kúed. Sonder watter súe de minsk n’t bestain kinne op ieze.

Omdat de minsk al eeuwen omgien het mooi it watter, het hy fole syn. Feural fiskerjúed binne tiige bekind mooi it watter, en jà hewwe sont it ere begin fan it minskdom de fraimdste fetôlsels ieuwr it livven yn it watter. Sò hewwe fiskerjúed wal fakentiids fetôld fan geesten dà ‘t yn it watter livje. Wat de fiskerjúed troch de jieren hanne syn hewwe is de eursprong fan deze fiskerfetôlsels – en jà hè tach wat syn!

Stel dy feur! Der sit in fisker mooi syn beut op it watter. Hy spalket de eigen wiid epen. Hy sjocht in golf fan opspatend watter ticht by syn beut en hy sjocht aik nach in fraimden schym, dy ‘t op slach wier yn it watter fedwiint. De fisker is maltotich. Hy tinkt by him salm dat muchliken in wattergeest yn it watter jompt is. Oon laun fetôlt hy syn fiskerfreeuwnen en dà kúene derieuwr befestigje dat jà it aik syn hewwe af der fan eeuwren ieuwr heersd hewwe. De fiskerfreeuwnen seiden jommes dat it wal in beuze nikker (in seurt wattergeest, kebeeuwter af -draak) wein wazze mot. Dy kin treeuwens altòmets fan form wikselje.

Leave a Reply

Fill in your details below or click an icon to log in:

WordPress.com Logo

You are commenting using your WordPress.com account. Log Out /  Change )

Google photo

You are commenting using your Google account. Log Out /  Change )

Twitter picture

You are commenting using your Twitter account. Log Out /  Change )

Facebook photo

You are commenting using your Facebook account. Log Out /  Change )

Connecting to %s