Schreeuwn troch Dyami Millarson
In aud sprakwes yn it Latyn der ‘t ik it mooi iense bin seit: Mens sāna in corpore sānō, in seeuwnen geest (sit) yn in seeuwn lichem. Bosken minsken tinke oon har hassens, longen, termen, het, nieren en sò as se seeuwn wazze wille. Tach tinkt bynooi ginien oon it belangrykste: de múlle. Ôles begint mooi de múlle. Seeuwn yten is n’t allene fan got belang by in seeuwn livven, maar aik in seeuwnen múlle.
Wat in berch minsken fejet is dat de múlle altyd yn febiining stie mooi eeuwre lichemsdelen. De múlle kin n’t sjain wezze as in lasstaind lichemsdeel. In seeuwnen múlle draagt by oon in seeuwn het, seeuwne hassens, seeuwne nieren, seeuwne termen, seeuwne longen en gai sò maar troch. Derom mot min sorgje feur in seeuwnen múlle om langer livven tò kinnen.
Dat is ne it belangrykste. Mooi in seeuwnen múlle kin min langer livven. Mooi eeuwre wezzen, de belaining feur in seeuwnen múlle is in lang livven. Hò kin min gúed sorgje feur syn múlle? It is licht tò begrypen dat de múlle net smarrich wazze mot, it mot júst schien wazze, it jeeuwst selfs schytschien. In schienen múlle is eeuwnmisber feur in lang livven.
Om de múlle schien tò hauden mot min net foolstò sieuwr (liege Ph) yte, min mot echt gin gefaarlike staffen yn ‘e múlle dwaan (net ôles dat feilich naimd wedt is aik werklik feilich om yn ‘e múlle tò dwaan), min mot de tang gúed schienmetje, twisken de twisken af kiizen altyd gúed schienmetje en net tò hed twiskenpoetse maar wal fole end genooch twiskenpoetse om drosophaiping yn ‘e múlle tò feurkommen.