Gearlûking fan Latynske lûden as resultaat fan gearfûging

Skreaun troch Dyami Millarson

It is belangryk om de wurdleden fan it Latyn te bestudearren om in idee te krijen fan hoe’t de taal no echt útsprutsen waard. Dit is ek itselde mei jit besteande talen dêr’t wol teksten fan binne mar dêr’t gjin gelûdsopnames fan maklik te finen binne. De stúdzje fan ‘e wurklike útspraak fan ‘e Latynske taal hinget ôf fan ‘e grûnige stúdzje fan ‘e Latynske wurdleden.

It Latyn hat folle poëtyske teksten (der binne ek grammatikale ferhannelingen mei oanwizingen hoe’t poëtyske teksten lêzen wurde moatte), en dizze binne wol tige handich om in yndrok te krijen fan lûdferhâldingen tusken wurdleden. Ien fan ‘e dingen dy’t hjirby fan belang binne is de gearfûging fan einlûden (fan wurden dy’t einigje op in lûd) mei begjinlûden (fan wurden dy’t begjinne mei in lûd). Dit fenomeen liedt ta twa ferskillende mooglikheden fan ynterpretaasje.

De iene mooglikheid is it weifallen fan in lûd (dat wol sizze elysje), by namme fan tapassing by einlûden fan wurden om’t de lêste wurdleden fan wurden yn it Latyn lykas yn oare Yndogermaanske talen minder neidrok hawwe. Dit bart ek wol yn moderne Europeeske talen lykas it Sweedsk: boka ett flyg kin (yn ‘e flugge deilikse útspraak) útspritsen wurde as bok’ ett flyg. De oare mooglikheid is de gearlûking fan lûden. Dit is dreger om te begripen as de earste opsje.

Sa kin de gearfûging fan twa koarte lûden liede ta ien twalûd of in lang lûd: a mei i of e liedt ta ae, a mei u of o liedt ta au, e mei a of e liedt ta ē, e mei i liedt ta ei, ensfh. It is yn dit gefal belangryk om op grûn fan ‘e realisearring fan elts lûd in goede ynskatting te meitsjen fan wat it produsearre soe: In lang lûd (fan grutte oerienkomst tusken twa lûden wegen: e en e kinne allinne mar in lang lûd meitsje) of in twalûd (fan grut ferskil tusken twa lûden wegen: e en i kinne allinne nar in twalûd meitsje). Fansels hat de kar foar lang lûd of twalûd ek te meitsjen mei it feit dat der mar inkelde twalûden binne yn it Latyn en dêrom kin net eltse kombinaasje fan lûden liede ta in besteand twalûd; it moat fan it útspraaksysteem fan it Latyn wegen wol in lang lûd wurde yn folle gefallen, want oars soene der nije twalûden makke wurde moatte en feroaring fan it besteande ynterne systeem fan twalûden giet sa mar net yn it Latyn dat fanâlds fêsthâldt oan syn eigen systeem fan twalûden.

Dan bin’ der jit in soad oare situaasjes dêr’t wy oan tinke moatte: As lange lûden oan it ein fan wurden botse op koarte lûden, of as koarte lûden botse op lange lûden, of as lange lûden botse op lange lûden, wat wurdt it dan? By lange lûden mei koarte lûden of hielendal omkeard is it maklik: It koarte lûd giet op yn it lange en dêrom ferdwynt it einliks gewoan, wat dus itselde as ûnontkombere elysje ynhâldt, alhoewol’t der wol wat foar sein kinne soe dat sok lûd einliks werom te sjen is yn syn spegelbyld.

Mar lange mei lange wurdleden is in hiel oar gefal. As it giet om de lange ū of ī oan it wurdein, dan liedt it ta in semivokaal. Mar as it in ō, ē of ā is folge troch itselde of in ferlykber lûd, dan moat dat earste lûd wol weifalle; der is gjin oare opsje, want ā mei ā, ē mei ē, ensfh. kin neat nijs produsearre yn it Latyn; hja gean gewoan yninoar op. Mar tagelyks ā mei ē of ī, ō mei ē of ī, ensfh. kinne wol twalûden produsearre lykas ae, oe, ensfh. As de twa lûden te ferskillend binne om in twalûd te foarmje en te oars likenje om ‘gewoan yninoar op te gean’ lykas ā + ā = ā, dan moat der wol elysje plakfine.

Leave a Reply

Fill in your details below or click an icon to log in:

WordPress.com Logo

You are commenting using your WordPress.com account. Log Out /  Change )

Facebook photo

You are commenting using your Facebook account. Log Out /  Change )

Connecting to %s