Schreeuwn troch Dyami Millarson
Yn Dútslaun op dôtich novimber dit jier eeuwnderwoois nooi Nood-Frieslaun tò prate ik mooi eeuwren yn ‘e wooin ieuwr bimmen. Wy komen launs Aist-Frieslaun en der weis seid dat de wouden fan der nach sò wiene as jà eerder aik yn ús Frieslaun wiene. Dà ‘t wy eeuwnder de yndrok wiene fan it baimlaunschap om ús hanne en wy tach al oon it teutjen wiene ieuwr bimmen en der wie aik al seid dat der aude ekebimmen yn Aist-Frieslaun behauden wiene, beslúet ik dat it tiid weis om mair ieuwr de ekebaim tò sprakken mooineeuwr.
Eerder weis de eek ferere yn Frieslaun. De eek wie tiige belangryk feur it folksleeuwen. Ik sil maar gin nômen naime, maar ien dy ‘t dat aude Frieske folksgebrúk fan it ekebimmen fereerjen net leje mocht en it útreuje wúe het in heiligen eek yn Frieslaun omkapt en dat feeuwnen de Friezen dàdestiids helendal net adich. It wie de heilige baim fan Tonger (aik wal Donar hieten). Nammentlik binne ôle eken oon Him weided. Dit liet sjain hò belangryk de eek feur d’ aude Friezen wie, en dat kin aik seid wezze fan de fiere feurauders fan de minsken op Lytje Pole.
De eek wie feur de feurauders in wonder. Deze wonderbaim stúech helendal yn ‘e mids fan har livven, af licht nach batter seid, har livven stúech yn it teken fan deze wonderbaim. De eek het nammentlik wonderlike kinmarken. As eerste kinmark wedt de ekebaim slim aud en got. As twadde kinmark het it besondere sieden dà ‘t ykels hiete. As tredde kinmark binne de bledden en sieden fan ‘e ekebaim giftich en dit kin gefaarlik wezze feur fee sò as schiep. Opmarklik is oon de form fan ‘e eek dat it op in minsk lyket as min gúed sjocht en derom weis de eek eerder aik as God ferere. It fereerjen fan ‘e bimmen júech in bjaun mooi de netieuwr omdat min it netieuwrlike seich as manifestaasje fan it ferhevene af godlike.