Schreeuwn troch Dyami Millarson
Elk jier wedt it wier winter.
Elk jier wedt it wier sommer.
Sò gie it al maar wier.
Elk jier komt der wier wintersonnewende.
Elk jier komt der wier sommersonnewende.
Sò gie it al maar wier.
Elk jier bleuje de blome yn feurjier.
Elk jier wylkje de blome yn nooijier.
Sò gie it al maar wier.
Elke midwinter offeren ús feurauders.
Elke midsommer offeren ús feurauders.
Maar wat dogge wy ne?
Wat dogge we? Dit jier spylje wy de winter en gean rjochttroch nei de blommen.
LikeLiked by 1 person
Gelokkich Nijjier! Wolkom op ús bloch en wy hoopje jo fansels faker te sjen!
Ik sil mar yn it Frysk antwurdzje.
Dit Skiermûntseagerske gedicht giet oer de natuerlike syklus fan it jier. No dogge masjines de tiidrekkening foar ús en lette wy net mear op de gong fan ‘e tiid.
De ivige weromkomst yn ‘e natuer fasjinearret my as filosofysk tema.
Earder wiene de minsken harren dêr tige bewust fan en libben se yn in evenwichtige gearhing mei dy natuerlike syklus (byfoarbyld troch folksfeesten te fieren dy’t weromtinken joegen oan dy syklus).
Ik freegje my dus ôf yn dit gedicht: Wat soe it dwaan mei de wrâldskôging fan ‘e minsken as hja wer bewust wurde fan ‘e oanwizings yn ‘e natuer foar ‘e tiidrekkening en mear stilstean geane by de gong fan it jier, û.o. de simmersinnekear en wintersinnekear? Ik bin foaral benijd nei wat dat besef docht mei in minsk.
– Dyami Millarson
LikeLike