De oandrang fan ‘e minsk om ferhalen te fertellen

Skreaun troch Dyami Millarson

De oandrang of it entûsjasme om te fertellen is de grûn fan religy en heart by it leauwen troch alle iuwen hinne. Minsken hawwe al tûzenen jieren harren religy mûnling oerdroegen. Wurden wiene de wiize wêrmei hja harren bern en famylje âlde kennis bybringe koene. Foar minsken fan earder moatte dizze wurden heilich west hawwe. Hja fielden wis in drang om alles te fertellen wat hja wisten, en dit is minsklik. It wie goed foar de minsk om dizze drang te fielen. Nammentlik waard der belangrike ynformaasje sa behâlden. Minsken hiene earder gjin ynternet of boeken. It oerdragen fan ynformaasje troch te fertellen wie in tige effisjinte wiize fan kennisoerdracht.

Ferhalen waarden ferteld, mar dat net allinne. It waard ek jit op in spesjale wize ferteld. Der kaam poëzij en sang by te pas. It wie sadwaande in hiele opfiering. Der wie fansels grut ûnderskie tusken poëzij en deilikse spraak. Poëzij wie oars as gewoane wurden, en dêrom waard poëzij sjûn as heilige wurden. Poëzij kaam fan de Goaden. Poëzij is makliker te ûnthâlden as deilikse spraak, om’t it in wis ritme hat. Dit is itselde by sang. Lietsjes binne ritmysk. De minsk is einliks muzikaal ynsteld. Minsken binne gefoelich foar ritmes. Dêrom is der ek in ferbân te lizzen tusken religy en muzyk. Ommers, der is ek in ferbân te lizzen tusken taal en muzyk. Religy, muzyk en taal binne nau ferbûn meiinoar sûnt it begjin fan it minskdom.

As wurden taal binne, dan binne heilige wurden heilige taal. Religy giet om heilige taal. In minsk, dy’t in religy hat, wol syn heilige wurden ferkundigje oan oare minsken. Dit is de ienige wiize om religy troch te jaan fan generaasje op generaasje. Dizze heilige kennis soe oars binnen ien generaasje útstjerre. It tinkt my dat de oerdracht fan heilige kennis belangryk west hat foar it minsklik oerlibjen op ierde. It hat te meitsjen mei evoluusje. Religy giet oer tema’s dy’t wichtich binne foar it oerlibjen. Minsken woene eerder al rêd en beskerme wurde; hja woene net deagean. Taal rêdt religy, en religy rêdt de minsk. Sa is de ferhâlding fanâlds. Alles helpt mekoar en it kin net los fan mekoar sjûn wurde. De wrâld is ien grut web fan ferbiningen.

Leave a Reply

Fill in your details below or click an icon to log in:

WordPress.com Logo

You are commenting using your WordPress.com account. Log Out /  Change )

Facebook photo

You are commenting using your Facebook account. Log Out /  Change )

Connecting to %s