Kunst is om joed oan et tinken te setten in bewust te maitsjen

Schruauwen trog Dyami Millarson

Et wodt so faak yn uus maatschippi seid: Wot is noe et nut fon kunst? Minsken begripe net wot se mei de kunst oan motte. Et is ollegear te lostig for har wont jo wol net te fole dwaande wêze mei de hole. Mar dot is krek wot de kunst te feroarjen beëaget. Wonnear wi yn uus maatschippi gin ried mear witte mei de grette saken di uus efterfolgje bloeë, don schaft de kunst uus wol ried.

De kunst is bedoeld om uus bewust te maitsjen fan uus eigen aad. De mins fynt et heel eng om nei himself te sjean in derom wol er him er te maklik fon oof maitsje. De mins is bang dot hi net so moai as un ingel is in hi fynt et mar wot lostig om de mins as mins te besjean. De kunst makket de mins bewust fon olle konten fon et minsklik bestean wer de gewoane man faak net oer praatsje wol om omdot hi tojout oan syn angst.

De kunst is er heendol for uus. Et is er om bettere minsken fon uus te maitsjen, mar wi mot de kôns for uus selffebettering self oangripe, ginien geet dut for uus dwaan. As wi op et lôn werkje motte mei uus honnen in un oar uus un nie ruw jout, don motte wi nog wol wot self ondernimme. Ginien geet dot werk for uus dwaan, wi motte self oan ‘e slag gean mei di nie ruw. Dot is et krek mei de kunst; wi motte self tinke en self bewust worre, oaren gean et net for uus dwaan. De wrôd is roeg, wae him net redt is sloeg.

Leave a Reply

Fill in your details below or click an icon to log in:

WordPress.com Logo

You are commenting using your WordPress.com account. Log Out /  Change )

Facebook photo

You are commenting using your Facebook account. Log Out /  Change )

Connecting to %s